Flot Sterke Yerke IV is fuort: nijjiersstunt of dieverij?

Sterke Yerke IV © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Jierren ha se deroan wurke, mar no is it samar fuort: it flot Sterke Yerke IV. De opfolger fan it flot dat yn 1979 de Atlantyske Oseaan oerstuts, is fannacht fuorthelle út de Ljouwerter jachthaven De Hemrik.
Begjin dit jier waard de lêste hân lein oan it flot, yn maaie waard it doopt en fan it simmer makke it flot al ferskate tochten oer see mei basisskoallelearlingen. Doel fan de inisjatyfnimmers achter it flot is om omtinken te freegjen foar de plestiksop.
Flot Sterke Yerke IV is fuort: nijjiersstunt of dieverij?
Koartlyn waard it flot foar winterûnderhâld nei Ljouwert ta brocht. Doe't de bouwers fan 'e moarn oankamen yn de haven "schrokken we ons rot", seit Wilfred de Jong. "Hij lag niet meer op z'n plek en zoektochten in de buurt hebben niets opgeleverd."

Noch gjin oanjefte

De Jong hat de hoop dat it om in nijjiersstunt giet en wachtet dêrom noch even mei oanjefte dwaan. "Maar als we 'm op 1 januari niet terug hebben, dan doen we dat zeker. We hebben de verzekering ook al even gepolst."
Hy fynt it bysûnder dat it flot fuort is, sûnder dat it ien opfallen is. It is in flink foarwerp nammentlik: hast 15 meter lang en 7 meter breed. "Dat neem je niet zomaar mee. Je zult 'm eerst ergens naartoe moeten takelen en dan uit de haven halen."

Fermogen oan apparatuer

As it net om in nijjiersstunt giet, dan is de skea grut. Der leit foar in fermogen oan apparatuer oan board. "Ook een alarm, maar dat heeft dus niet gewerkt. Het alarm lag niet aan de stroom en we hebben het vermoeden dat de accu's leeg waren."
Foar kommend jier hie groep achter de Sterke Yerke IV wer grutte plannen. De Jong is benaud dat dy no net trochgean kinne. Hy hopet dat minsken dochs wat sjoen ha en har melde.