Grutte brân yn sintrum fan De Gordyk, acht gebouwen yn de buert ûntromme

© Noordernieuws
Yn it sintrum fan De Gordyk hat tongersdeitejûn in grutte brân west. Twa gebouwen oan de Tsjerkewâl stienen folslein yn 'e brân en binne ferlern gien.
By de helptsjinsten bestie earst noch it fermoeden dat der bern yn in gebou wêze soenen, mar letter waard dúdlik dat der gjin minsken mear yn de gebouwen wienen. Acht njonkenlizzende hûzen en oare gebouwen binne wol ûntromme. De bewenners waarden yn de buert opfongen.
De twa gebouwen wienen mei-elkoar ferbûn en waarden yn it ferline brûkt as fytsesaak. Yntusken stienen se beide leech.
Utslaande brân yn ryksmonumint út 1776 op De Gordyk
Omdat it om in útslaande brân gie en omdat der in soad bebouwing omhinne stiet, skaalde de brânwacht grut op. Brânwachtploegen út alve ferskate plakken waarden oproppen om de brân te bestriden. Om likernôch 22.00 oere wie de brân net mear útslaand en skaalde de brânwacht ôf.
Even nei middernacht waard it sein 'brand meester' jûn. De bewenners fan de acht ûntromme hûzen koenen dêrnei wer werom nei harren wenningen. De brânwacht hat noch wol in skoft dwaande west mei it neiblussen. Stichting Salvage wie oanwêzich foar de ôfhanneling fan de skea.
Ien fan de twa gebouwen komt út 1776 en is sûnt 1971 in ryksmonumint.
It gebou yn 1967 © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
Minsken yn de omkriten fan de brân krigen in NL-Alert fanwegen de reekûntwikkeling.
By it bestriden binne ek twa heechwurkers ynset. De brânwacht besocht foar te kommen dat de brân oersloech nei in tredde gebou. Dat is slagge.
Grip 1 wie fan krêft. Dat betsjut dat der fanwege de earnst fan de brân koördinaasje tusken de ferskillende helptsjinsten nedich wie. De kommunikaasje kaam bygelyks yn hannen fan de Veiligheidsregio Fryslân.