WK einiget yn mineur foar Noppert: tredde ronde einstasjon nei ealjebij-ynsidint

© PDC
Danny Noppert is woansdeitemiddei útskeakele op it WK darten yn Londen. De Fries joech in foarsprong fan 2-0 yn sets út hannen en ferlear mei 4-2 fan Alan Soutar út Skotlân.
"Ik begûn sa goed oan dizze wedstriid. It is hiel soer. Ik hie my hiel wat oars foarsteld", sa fertelde Noppert nei ôfrin by Viaplay. "Myn nivo sakke sa yn. Ik wit net wat der oan 'e hân wie, al kaam hy hie goed werom."

Sterk begjin

De earste leg fan de wedstriid gie noch kreas yn alve darts nei de Jouster, dy't in pear legs dêrnei de set pakte mei in 104-finish. Ek nei it earste skoft siet Noppert goed yn de partij en wûn hy de twadde set.
Dêrnei sakke Noppert folslein yn en begûn syn Skotske tsjinstanner better te smiten. Omropper Russ Bray hie krekt dêrfoar noch in ferdwaalde ealjebij fan Nopperts shirt helle. Soutar pakte de tredde set mei 3-1 en sette dat ek troch yn set fjouwer: 2-2.
De Fries like him yn de fiifde set te herstellen, doe't Soutar dy mei in 152-finish binnenhelle. De Skot smiet de set dêrnei wer in hege finish en pakte úteinlik fia tops de winst.

Tredde ronde

It is foar it fjirde jier op rige dat Noppert yn de tredde ronde fan it WK ferliest. "Dochs mei ik oer it hiele jier tefreden wêze", neffens Noppert. "Ik kin wol bale, mar dêr haw ik neat oan. Op nei takom jier."