Stikken strân op It Amelân fuortspield, gemeente set gebiet ôf

In klif op It Amelân nei strânfal © Gemeente Amelân
Op It Amelân binne soargen oer de feilichheid op it strân. By it Suudwest yn Hollum binne stikken strân fuortspield.
De gatten dy't troch in 'strânfal' ûntsteane, kinne gefaarlike situaasjes opsmite foar kuierders. De gemeente set it gebiet ôf, omdat der kâns is dat der noch in strânfal komt.
Strânfal komt faker foar op Waadeilannen, wêrby't in stik strân samar de djipte yn falt. Dêrtroch ûntsteane der kliffen.
It strân wurdt op guon plakken hieltyd smeller troch de streaming. Rykswettersteat hat yn 2017 en 2019 ekstra sân taheakke. Dat bart yn takom jier wer.