Fjouwer skiep dea troch wolf yn oktober; ponny by Elslo waard deabiten troch hûn

© ANP
Yn oktober binne fjouwer Fryske skiep deamakke troch in wolf. Dat docht bliken út sifers fan BIJ12, de organisaasje dy't skeameldingen oer de wolf byhâldt.
De fjouwer skiep waarden op 4 oktober deabiten yn Langedike yn de gemeente Eaststellingwerf.
Yn totaal kamen der tolve meldingen fan deade en trije meldingen fan ferwûne skiep binnen by BIJ12, dy't mooglik feroarsake wienen troch de wolf. Ut ûndersyk die earder al bliken dat trije skiep by Ferwert deabiten waarden troch in goudjakhals.

Ponny

In ponny by Elslo waard, sa docht no bliken, it slachtoffer fan in hûn. By Muntsjesyl waarden ek twa skiep deabiten troch in hûn. Trije skiep rekken ferwûne.
Fan twa meldingen, in dea skiep yn Boyl en in dea skiep yn Wynjewâld, is nei ûndersyk net fêst komme te stean watfoar bist dêrfoar ferantwurdlik wie.

Achttjin wolven yn Nederlân

Yn hiel Nederlân binne tusken augustus en ein oktober op syn minst achttjin ferskate wolven sjoen. Yn Súdeast-Fryslân, lâns de provinsjegrins mei Drinte, giet it om trije wolven: it pear GW2397m en GW2090f en harren jonge.