'Wy Kam Fram Fryslân' fan De Hûnekop heechste nije binnenkommer yn Fryske Top 100

Emiel Stoffers yn de nijste klip fan De Hûnekop © Omrop Fryslân
In soad Friezen hawwe dit jier 'Wy Kam Fram Fryslân' yn harren stimlistje opnaam. Dêrmei is De Hûnekop de heechste nije binnenkommer yn de Fryske Top 100 wurden.
Wêr't it nûmer krekt einige is yn de Fryske Top 100 bliuwt noch efkes ôfwachtsjen, want de nûmers 10 oant en mei 1 wurde pas op âldjiersdei bekend makke.
Der binne yn totaal 56.440 stimmen útbrocht foar de list. Wat opfalt is dat ferskes mei Fryslân, Fries of heitelân, of nûmers dy't it grutske gefoel fan it Fries wêzen útdrage it goed dogge dit jier.

Fryslân is grutsk op Fryslân

Plak Ferske
96. Ik bin in Fries - The Bounty Hunters & Piter Wilkens
93. Heitelân - PYN ft. Greidebrass
87. Fryslân Boppe - Jitiizer
67. Heitelân - Fegebart
65. Alwer in Fries - Bauke en Greetje
57. Lit jim gean, Friezen - Gurbe Douwstra
51. Gjin plak as thús - Andries de Vries
45. Thús - Iris Kroes
39. Fries om utens/Caledonia - John Wright
38. Fryslân - De Hûnekop

Feest by De Kast

De Kast fiert dit jier harren 30-jierrich jubileum en dat litte de fans sjen. Fiif kear stean se dit jier yn de list en dan binne der ek noch de 'In nije dei'-útfieringen fan Pieter Sahieter en Elske DeWall dy't in plakje hawwe yn de list.
De eare fan meast notearre groep of artyst hat De Kast net, want dy eare giet dit jier wer nei Piter Wilkens. Hy stiet sân kear yn de list, solo dan wol yn duet.

Meast notearre artysten

Artyst Tal kearen
Piter Wilkens 7 kear
De Hûnekop 6 kear
Doelleazen 5 kear
Gurbe Douwstra 4 kear
Johannes Rypma (ynklusyf The Bounty Hunters) 4 kear
Ek dit jier binne der wer in soad nije binnenkommers yn de list: achttjin stiks yn totaal. Twa dêrfan stienen earder al ris yn de list, mar komme no wer werom yn de Fryske Top 100.
Sjoerd ensa stie mei 'Wâldpyk' foar it lêst yn 2019 yn de list en is no werom op nûmer 28. De Hûnekop stie yn 2020 op 84 mei it nûmer 'Berenburg' en is no wer werom op itselde plak.

Nije binnenkommers yn top 20

Yn de top 20 stiet in hiel rychje nije ferskes. De Fanfare Joost Wiersema hat suksesfol aksje fierd en harren lofsang op Jistrum komt dan ek heech binnen. Harren doel wie op plak 100 komme yn de Fryske Top 100. Dat is net slagge, want 'Griene wei' stiet op plak njoggentjin.
Under de bern is dit jier it nûmer 'Fake!' fan de Staetlânsskoalle populair. De winner fan SjONG junior 2022 knalt de list yn op nûmer tweintich.
Ek Haitze docht it mei syn earste Fryske ferske geweldich. Haitze sjongt gewoanwei net yn it Frysk, mar gie de útdaging oan yn de startwike fan de Fryske Top 100 op telefyzje om dat diskear wol te dwaan. De oersetting fan syn nûmer 'We vallen niet vandaag' komt nij binnen op 21.

Grutte Pier

Wat dit jier ek opfalt is de ynfloed fan de film Grutte Pier op de list. Dit jier draaide de film yn de bioskopen en de soundtrack fan de film bringt trije ferskes de Fryske Top 100 yn. It giet om 'Fleane yn 'e loft' fan Carla de Bruine (nûmer 89) en 'Do bist myn lân' fan Elske DeWall en Milan van Weelden (nûmer 58).
En wêr't 'Skriem om my' fan Carla de Bruine stiet? Dat witte we ek wer op âldjiersdei.

Nammen

Friezen hâlde ek fan nûmers mei in namme yn de titel. Sân kear stiet der sa'n liet yn de list. Rommy en syn 'Ave Maria' giet bygelyks sân plakken omheech fan 38 nei 31 en 'De mem fan Doutzen' fan Strawelte stiet dit jier op plak sechstjin. 'Foar Johannes' fan Doede Bleeker stiet dit jier ek wer yn de list: op plak 88.

Selde plak as ferline jier

Fansels binne der klimmers en dalers yn de muzyklist, mar der stean ek in pear nûmers sa fêst as in hûs. Griet Wiersma mei 'Frysk hynder' stiet bygelyks opnij op nûmer achttjin. 'De begraffenis fan Omke Wopke' fan Doede Veeman stiet wer op 29.
Ek de slútpost fan de Fryske Top 100 is dit jier wer krekt sa as ferline jier: 'De oudste stapper' fan Irish Stew.
De Fryske Top 100 is op âldjiersdei fan 07.00 oant 18.00 oere hielendal te folgjen op radio en telefyzje by Omrop Fryslân. De list mei de nûmers 100 oant en mei 11 is no te besjen op FryskeTop100.nl.