Dykgraaf Luzette Kroon: "We moeten allemaal rubberen laarzen kopen"

CV fan Luzette Kroon © Omrop Fryslân
Wetterkip Fryslân stiet foar grutte útdagingen. Dat seit dykgraaf Luzette Kroon. Der komme alle jierren miljoenen euro's oan kosten by. Takom jier hat it Wetterskip 176 miljoen nedich, dêr't dit yn 2018 noch 40 miljoen minder wie. Yn 2027 leit it bedrach nochris 41 miljoen euro heger.
Wichtige oarsaken binne de oprinnende kosten foar personiel en ynflaasje (sa'n 10 persint). Ek de taname fan it tal opdrachten, lykas it fersterkjen fan diken, spilet in rol. It binne ferhegingen dy't de kommende jierren bliuwe. Oant no ta is it jild út de reservepot helle, mar dit kin letter in probleem wurde, seit Kroon.
"Het is de vraag of we op deze manier door kunnen blijven gaan. Al zal het financieel beleid niet ten koste gaan van de veiligheid. Die blijft gewaarborgd."

Subsydzjeregeling fundearringsskea

Dêr komt by dat Provinsjale Steaten woansdei in histoarysk beslút naam: der komt in subsydzjeregeling foar hûseigeners mei fundearringsskea yn it Fryske feangreidegebiet. Dit is yn neifolging fan Wetterskip Fryslân, dy't dit ek wol.
Yn dizze regeling stiet dat der 40 persint fergoede wurdt, mei in maksimum fan 40.000 euro. Wat dit betsjut foar Wetterskip Fryslân, fynt Kroon noch dreech te sizzen. "Het lijkt bij zulke zaken vaak dat er veel aanvragen komen. Maar dat moeten we afwachten. Het waterschap heeft dit potje samen met de provincie gevuld. We hopen dat de gemeenten ook een bijdrage leveren. Ondertussen zullen we lobbyen bij het Rijk."
Luzette Kroon: "We moeten rubberen laarzen kopen"

Rubberen learzens

Fierder kaart Kroon oan dat it in hieltyd gruttere opjefte wurdt om it wetter fuort te meallen, no't der hieltyd faker flinke buien falle. "We raken wat dat betreft aan onze grenzen. Wij kunnen gemiddeld 12 millimeter per etmaal uit ons systeem wegmalen. Daar zijn de gemalen ook op afgestemd. Als je dan een bui hebt van 100 millimeter, dan ben je een kleine week bezig om dat weg te krijgen."
Ekstra gemalen pleatse hat neffens har gjin doel. "Dan ben je aan het rondpompen. We moeten er daarom rekening mee houden dat er delen nat zullen blijven. We proberen de schade te beperken door te kijken waar het het beste naartoe kan. Graslanden zet je bijvoorbeeld sneller onder water dan een woonwijk."
Foarige dykgrêven hiene as kredo dat net ien mei de fuotten yn it wetter komme soe. Dat is net mear reëel neffens Kroon. "We moeten allemaal rubberen laarzen kopen, want we kunnen natte voeten krijgen."
Oer it akwadukt by it Prinses Margrietkanaal

Akwadukt Prinses Margrietkanaal

Oer de problemen yn it akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal yn Twellingea, seit se dat de druk yn it grûnwetter dêr grut is. Ek yn it lege midden. Dêrtroch komt de oerflakte omheech buorreljen. "Voorkomen was niet mogelijk. Het grondwaterpeil is moeilijk te besturen." Reden ta panyk is der net neffens de dykgraaf. "Ik verwacht niet dat dit ook zomaar bij andere aquaducten zal spelen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Luzette Kroon.
Neffens Kroon is it fertrouwen yn de wetterskippen grut. 80 persint fan de stakeholders en boargers sprekt har neffens har posityf út. "De opkomst bij bijeenkomsten mag dan laag zijn, maar dat komt vooral omdat zij denken, 'jullie regelen het wel'."
It algemien bestjoer fan in wetterskip bestiet foar it grutste part út keazen fertsjintwurdigers. Dêrneist sit der yn it bestjoer in oantal beneamde fertsjintwurdigers út de lânbou, it bedriuwslibben en behearders fan natuerterreinen wei. Dit wurde boarge sitten neamd.
Wurdt in dykgraaf demokratysk keazen?
Op de fraach oft dit wol demokratysk is, antwurdet Kroon: "Er gaan wel eens stemmen op dat iedereen gekozen moet worden. Ik vraag me vooral af wat het beste is voor het Wetterskip. Ik heb behoefte aan mensen in het bestuur die expertise en tijd hebben, en zich graag verdiepen. Want het gaat echt ergens om."
"Als dijkgraaf word ik indirect gekozen door een selectie van het algemeen bestuur", leit Kroon út. "De vraag blijft wanneer iets echt democratisch is. Ik denk dat je daarbij vooral moet kijken naar het maken van goede keuzes."
De cartoon fan Luzette Kroon © Omrop Fryslân