Outsider Danny Noppert begjint oan WK darts: "Ik hoopje dat se benaud foar my binne"

Danny Noppert © Orange Pictures
Kin Danny Noppert it dit jier einliks ris fierder skoppe op it WK darten yn Londen? De Jouster ferlear de ôfrûne jierren hieltyd yn de tredde ronde. Freedtejûn spilet er op it grutte poadium tsjin David Cameron (net deselde as de eardere Britske premier).
It is de fiifde kear dat Danny Noppert meidocht oan it WK yn it Alexandra Palace yn Londen. It WK is it prestisjeuste en wichtichste dartstoernoai fan it jier. Yn totaal is der twa-en-in-heal miljoen Ingelske pûn oan prizejild, wêrfan in heal miljoen (sa'n 600.000 euro) foar de winner.
De ôfrûne jierren waard de Jouster op it WK alle kearen betiid útskeakele, ek al mocht er fanwegen syn hege klassearring op 'e wrâldranglist de earste ronde al oerslaan.
Danny Noppert begjint oan it WK darts: kin er de hege ferwachtingen wiermeitsje?
Noppert is dwaande mei in prima seizoen. Hy soarge begjin dit jier foar in grutte ferrassing troch mei de UK Open syn earste 'major' te winnen. "The Freeze", sa't syn bynamme is, is op it stuit de nûmer njoggen fan de wrâld en dat bringt foar de 29ste edsyje fan it WK ferwachtings mei him mei.
De 31-jierrige Jouster is dan ek net langer in ferrassing, mar heart yntusken by de wrâldtop. Wedstriden spylje tsjin wrâldkampioenen as Peter Wright, Michael van Gerwen en Gerwyn Price is tsjintwurdich foar him earder regel as útsûndering. En dus mei er op dit WK ek wol wat fan him ferwachte wurde.
Ik soe tekenje foar in kwartfinale of in heale finale.
Danny Noppert
"Ik bin nochter en wol mysels net al te folle druk op lizze", seit Noppert. "Dat is net ferstannich, mar ik bin op it WK in outsider en ik hoopje dat se benaud foar my binne. Fan tefoaren soe ik tekenje foar in kwartfinale of in heale finale."
Yn de twadde ronde nimt Noppert it op tsjin David Cameron. De Kanadees wûn ferrassend fan Ritchy Edhouse, mar op papier moat Cameron foar Noppert gjin probleem wêze om de tredde ronde te heljen.
© Kelly Deckers, PDC
"Hy (Cameron, red.) hat wol in soad ûnderfining, mar ik sjoch eins gjin problemen", fertelt de Jouster. "Ik bin de favoryt, al moatte je je tsjinstanner nea ûnderskatte, want in underdog kin fansels ek boppe himsels útkomme."

Heftrucksjauffeur

Yn fiif jier tiid is der hiel wat feroare yn it libben fan Danny Noppert. Doe wurke er noch as heftrucksjauffeur op De Jouwer en wie it darten bysaak. Yntusken reizget Noppert hast wykliks troch Europa foar alle darttoernoaien en is er fulltime-prof. Dat is net altyd maklik, faak op 'n paad wêze, mei syn freondinne en soantsje thús.
It ôfrûne jier fan Noppert hat soarge foar in opfallende omslach yn syn spul. Dêr't hy earder muoite hie om syn nivo te heljen op de grutte telefyzjetoernoaien, bart dat dit jier just wol struktureel. Hoe't dat kin?
"It UK Open is wol echt in serieus toernoai en it wie hiel spesjaal om dy te winnen. Mei troch dy oerwinning bin ik op it poadium wat komfortabeler wurden. Want trochdat je winne, krije je ek mear fertrouwen. Earder wie ik noch wol ris senuwêftich, mar dat ha ik no hielendal net mear."
It WK darts duorret noch oant en mei 3 jannewaris.