Yn 2021 wer foars minder besikers oan Fryske museums

Besikers fan Museum Heerenveen © Museum Heerenveen
Fryske museums lutsen yn 2021, ûnder oare troch in lange lockdown, goed 50.000 minder besikers as in jier earder. Dat is in delgong fan goed 10 prosint.
Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. Ferlike mei 2019 is it tal besikers sels mei hast 50 prosint weromrûn. Troch de coronapandemy wienen de museums yn 2020 en 2021 mar in part fan it jier iepen foar publyk. De coronamaatregels hienen in grutte ynfloed op de oantallen.
De ynkomsten rûnen ek flink werom, mar troch stipe fan de oerheid koenen de museums oer it algemien 2021 wol mei swarte sifers ôfslute.
Yn de sifers is te sjen dat 2018 in absolút topjier wie foar de Fryske museums, dat komt troch it Kulturele Haadstêdjier. Friezen gongen doe in soad nei museums ta en ek fan bûten de provinsje krigen de museums in soad besikers.
Ek as 2018 bûten beskôging litten wurdt, hienen de Fryske museums sûnt 2015 de groei te pakken: alle jierren kamen der mear minsken, oant 2020 dus.
Lanlik sjoen - it CBS hat hjirfan gjin regionale sifers - is te sjen dat benammen âldere minsken en minsken mei in beheining minder nei it museum gongen. Yn de perioade foar corona gong yn trochsneed 46 prosint fan de minsken mei in beheining wolris nei in museum yn binnen- of bûtenlân. Yn 2020 wie dat noch mar 31 prosint. By santichplussers gong it fan 43 nei 37 prosint.