Trije itenskasten by tsjerken yn Weststellingwerf wurde net brûkt

Jeannette Zwanenburg by ien fan de itenskasten © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
As it oan de diakony fan trije tsjerken yn de Stellingwerven leit, komt net ien wat tekoart mei de krystdagen. Yn trije doarpen yn Weststellingwerf is by de tsjerke in grôtfolle itenskast te finen, spesjaal foar minsken dy't it finansjeel dreech hawwe.
Se folgje dêrmei it foarbyld fan bygelyks de buertkuolkasten yn Ljouwert. Mar sûnt de kasten der te stean kamen, ein oktober, hat noch net ien der wat út helle.
Jeannette Zwanenburg fersoarget de kast en hat wol in idee wêrom't dat sa is. "It is noch ûnbekend dat de kast hjir stiet. En minsken ha dochs in stikje skamte om de kast te brûken."
Trije itenskasten yn de Stellingwerven wurde net brûkt
De kast fol krije is gjin probleem. De diakony hat sels te boadskipjen west en de minsken út de trije doarpen Aldeholtwâlde, Aldeholtpea en Nijeholtpea sette de kast fol mei hâldber guod.
Om dochs wat mear flecht op 'e koai te krijen, ha se it op Facebook en yn in Stellingwerver krante pleatst.
Der leit genoch guod yn de kast © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Zwanenburg hopet dat de minsken dy't it brûke kinne, no it paad nei de kasten finne kinne. "Yn dizze tiid soe it moai wêze as minsken help krije kinne. Elkenien is frij om út de kast te nimmen wat hy of sy brûke kin. We hoopje dat it dan goed te plak komt."