Muzikant Marius de Boer fynt himsels noch altyd op 'e nij út
Marius de Boer is al jierren warber yn de Fryske muzykwrâld. Earder mei de suksesfolle band Reboelje, dy't al jierren heech yn de Fryske top 100 stiet, en letter as solo-artyst. As Mariusz hat er krekt in nije single útbrocht. De sjonger, muzikant en platelabeleigener fertelt yn Noardewyn oer syn muzyk en karriêre.
"Earder skreau ik frijwat tryste teksten en ik ha ek bêst wol in depressive kant. As ik dy prioriteit jou yn de teksten, kin it lekker djip gean", fertelt de 61-jierrige Marius de Boer.
"Mar ik ha ek in fleurige kant. Yn dit nûmer wol ik hoop jaan mei sinnen as 'Do kinst opnij begjinne' en 'Lit mar sjen datst der bist'." It skriuwen kin in soarte fan terapeutyske wurking hawwe. "It helpt om it te ferwurkjen en wer fierder te kinnen."
Hy kombinearret it skriuwen fan muzyk mei syn wurk foar it platelabel Marista dat er yn 1990 begûn. "Ik bin gau ferfeeld, dan bin ik wer in skoft mei it label dwaande en dan ha ik wer nocht om te spyljen. Kreatyf sjoen is Mariusz echt myn ding, hearlik. Ik bin ek kritysk op mysels, soms goai ik de helte fuort."
Mei de bânrecorder foar de radio
De leafde foar muzyk begûn yn de jierren santich doe't in jonge Marius op syn keammerke yn Stiens by de radio siet. "Ik wie in jier as sân, acht, doe't ik al bot mei muzyk dwaande wie. Mei myn bânrecorder naam ik nûmers op fan Creedence Clearwater Revival en Neil Young, de bettere popnûmers."
De enerzjy fan punk
Al jong koe er noaten lêze, dat hie er leard op pianoles. "Dat ha ik in jier as seis dien, moai hear noaten lêze en neispylje, mar it paste net by my. Yn 1977 kaam de punk op, ik wie doe 16 jier en hold al fan hurde rockmuzyk, mar dy plaat fan de Sex Pistols wie noch folle hurder. Der siet folle mear enerzjy yn."
Hy kocht in gitaar en trije moannen letter stie er mei de band Elected op it poadium. "We spilen new wave en covers fan bands as The Police." Op in stuit waard er as sjonger frege by de Ljouwerter band Ambassador Betterhead. "Dy spilen eigen nûmers en wienen in stik profesjoneler. Doe bin ik ek begûn mei it skriuwen fan nûmers."
It wie in moaie tiid, yn it oefenhok spylje, ouwehoere en bierdrinke.
Fia it stappen op sneontejûn yn de diskoteek yn Berltsum kaam er mei wat jonges út Wommels yn kontakt en dat wie it begjin fan Reboelje. "We ha in oprjochtingearkomste hân en woenen der echt foar gean. It wie in moaie tiid, yn it oefenhok spylje, ouwehoere en bierdrinke."
De band hat fyftjin jier bestien en fan alles meimakke: fan teatrale projekten oant toernees yn it bûtenlân. "It wie in hechte klup, de basis wie dat we deselde muzyksmaak hienen en it klikte enoarm. We ha in hiel soad wille hân. It wie echt in jongesboek."
Platelabel Marista
Yn 1990 begûn De Boer mei it platelabel Marista. Yn de goed tritich jier is in hoop feroare. "Yn it begjin kaam de cd op, letter waard alle muzyk fergees op YouTube set en no binne der allerhanne streamingstsjinsten. Je moatte hieltyd meigean en feroarje en dat fyn ik ek leuk. It aksint leit no mear op it promoatsjen fan artysten. Se hoege har net mear earst by in label oan te sluten, elk kin no sels syn of har muzyk online sette en sa beskikber foar de hiele wrâld stelle."
Yn Fryslân kenne minsken myn muzyk, mar wrâldwiid falst yn it neat.
Dat docht er as Mariusz fansels ek, al komt syn Frysktalige muzyk net yn de buert fan in artyst as Harry Styles, dy't mei in klip ien miljard views hellet.
"Ik bin mar in lytse mier. Frysktalige muzyk is fansels in lytse merk. Op streamingstsjinsten stelt dat kwa oantallen neat foar. Yn Fryslân kenne minsken myn muzyk, mar wrâldwiid falst yn it neat. Dêr giet it my ek net om. Ik wol in moai ferske meitsje. Muzyk komponearje en tekst skriuwe is echt myn ding." Hy skriuwt syn nûmers op de piano en producer Nico Outhuijse (drummer fan De Kast) makket der arranzjeminten by.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
One Man Piano Band
Yn coronatiid is er mei in nij projekt begûn: One Man Piano Band. Op in fakânsje kaam er op it idee.
"Yn Ierske pubs is faak live muzyk, ien persoan spilet bekende nûmers en de hiele pub sjongt mei. Ik ha hûndert hits út de holle leard en spylje no geregeld yn kroegen en op feesten. Dit soarte fan entertainment is totaal oars, mar wol hiel leuk. Om te sjen wat oanslacht en it publyk mei te krijen en der sa mei elkoar in moaie jûn fan te meitsjen."
De list fan Marius de Boer
Artyst | Nûmer |
Mariusz | Hâld fan dysels |
Harry Styles | Sign of the times |
Creedence Clearwater Revival | Fortunate son |
Lana Del Rey | Born to die |