'De Fee van Folgeren' lêst de bern fan Vreewijk it leksum

Ut 'De Fee van Folgeren' © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Foar it earst yn trije jier wurdt yn de krystfakânsje wer in krystmusical opfierd yn De Lawei yn Drachten. Dit jier is dat 'De Fee van Folgeren', basearre op de boekerige 'Nurse Matilda' fan Christianna Brand.
Nei de stilte fan de coronakrisis is yn Drachten wer in tradysje werombrocht. It stik wurdt spile troch amateur-akteurs, mei stipe fan in profesjoneel team.
De famyljemusical giet oer famylje De Vries van Vreewijk. De mem is krekt ferstoarn en heit stiet der allinnich foar, mar de bern binne ûnbrûksum: sy steane bekend as 'De Bende van Vreewijk.'
Gjin inkele bernefaam hâldt it lang út. Dan is dêr ynienen Matilda Tevree dy't de bern wól yn betwang hâlde kin.
'De Fee van de Folgeren' yn De Lawei yn Drachten
'De Fee van Folgeren' giet freed yn premjêre en wurdt spile oant en mei 30 desimber yn De Lawei yn Drachten.