Mei fakkels, ferhalen en in fjouwerkante slach behâldt Ketlik it Sint-Thomaslieden

De Ketlikers by de klokkestoel © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn Ketlik is it tradisjonele Sint-Thomaslieden úteinset. Oant en mei âldjiersdei liede frijwilligers fan moarns 07.00 oant jûns 22.00 oere de klokken op it tsjerkhôf.
Yn optocht komme de bern fan it doarp nei de klokkestoel ta. Al roppend en razend mei fakkels yn de hân besykje sy de kweade geasten fuort te jeien. Dat is ek it doel fan it Thomaslieden sels.
"De klok is neisjoen en docht it goed", seit Jan Dol. Hy is ien fan de manlju dy't yn de touwen hinget de kommende dagen. "Fysyk bin ik fit en mentaal ek. Je moatte der al mei de kop by bliuwe, want je wolle fjouwerkant de klok liede. Dat is dus fan 'ding, dong, ding, dong.' Sa is it bedoeld."
De bern harkje mei fakkels nei in ferhaal by de klokkestoel © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der wurdt altyd begûn op de 21e desimber: "Dat is de nammedei fan de hillige Sint-Thomas." As de bern der hast binne, begjint Dol oan syn taak.
Jos Boelhouwer, belutsen Ketliker, sjocht de staasje ek oankommen: "Het is een hele mooie, eeuwenoude traditie. Die moet je in ere houden. In heel Nederland is het alleen hier in Katlijk en Oudehorne."
De klokkestoel fan Ketlik © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Iuwen lyn bestie de tradysje fan Sint-Thomaslieden op folle mear plakken: fan Aldeberkeap oant de Dokkumer Wâlden. Sa waard it yn earder tiden ek yn Donkerbroek, De Himrik, Hoarnstersweach, Wynterp, Súd-Drachten, Ald Beets, Koartsweagen, Burgum en Hurdegaryp dien.
Yn guon plakken binne de klokhuzen lykwols ôfbrutsen, hjoed-de-dei bestiet de tradysje allinne noch yn Ketlik en Aldhoarne.
De bern jouwe mei in optocht it startsein foar it Sint-Thomaslieden © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It doel fan it Sint-Thomaslieden wie it suverjen fan de loft fan de kweade geasten. It wie in foarm fan 'plúsliede', ek wol 'diveljeie' neamd.
It 'klokstjoeren' is noch in hiele keunst, twa man liede de klokken yn in ritme dat in 'fjouwerkante slach' hjit.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by it Sint-Thomaslieden