Mooglik 75 miljoen euro foar wiete natuer Iselmar, Waadsee en Lauwersmar

In proefflak mei in soad seewier (zeegras) © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It bliuwt net by de 21 miljoen euro oan ryksjild foar de fersterking fan de natuer oan de Iselmarkust, dy't tiisdei bekend makke waard. Oant 2033 giet it mooglik om 75 miljoen euro foar de wiete natuer yn en om grutte wetters lykas de Waadsee, de Iselmar en de Lauwersmar.
Om mar mei de Iselmarkust te begjinnen: de natuer dêr stiet al jierren ûnder druk en omdat wy troch it feroare klimaat hieltyd mear wetter yn de Iselmar fêsthâlde wolle, wurdt de situaasje der net better op. Omdat hurde wyn meastentiids út it westen komt, kinne briedplakken fan fûgels dy't op de grins fan wetter en lân briede fuortspiele. Ek de wâlskanten kinne fuortspiele.
En dat wylst der mei de oanlis fan de fiskmigraasjerivier, as it goed is, wol mear fisken tusken swiet en sâlt wetter hinne en wer swimme kinne. Natuerlike wâlskanten fan in goede kwaliteit binne wichtich foar dy fisken, mar ek foar soarten dy't allinnich yn swiet wetter foarkomme.

Peilbehear

De 21 miljoen euro dy't der no oan sit te kommen, wurdt ûnder oare stutsen yn in better peilbehear, oftewol mear kontrôle oer wat in hege wetterstân mei de Iselmarkust docht.
Sa kinne je bygelyks de briedende fûgels better beskermje. Mar der komt ek mear romte foar ridzjende fisken. By Teakesyl by De Lemmer wurdt bygelyks wurke oan in plan wêrby't fisken op ûnder oare ûnderstrûpt lân foar mear lytse fiskjes soargje kinne.
De Fryske Iselmarkust krijt it measte jild yn Fryslân
Der is ek 15 miljoen euro frijmakke om de ûnderwetternatuer fan de Waadsee te ferbetterjen. Yn súdlike oseanen hawwe je bygelyks koraalriffen dêr't lyts libben grut wurde kin. Dy funksje hawwe skulpebanken yn de Waadsee, mar ek seegersfjilden hiene yn it ferline dy funksje.
Begjin dit jier is troch Rijkswaterstaat it werstel fan it seegers yn de Waadsee gund oan ûnder oare ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga, de Fieldwork Company yn gearwurking mei de Rijksuniversiteit Groningen. In suksesfolle proef by Gryn mei grut seegers op drûchfallende platen moat útwreide wurde.

Fariaasje

Ek is der de ôfrûne jierren eksperimintearre mei konstruksjes fan ôfbrekber plastic, mar ek hout en oare materialen om mear fariaasje werom te krijen op de waadboaiem oars as slyk en sân. Ek dêr kin no fierder oan wurke wurde.
Al binne de mieningen wol ferdield oer de needsaak dêrfan. Der binne ek binnen de wittenskiplike wrâld minsken dy't sizze dat it weromkommen fan dat soarte hurde struktueren op in natuerlike wize al hiel goed giet.
Lauwersmar © Shutterstock
Foar Nasjonaal Park Lauwersmar binne al langer plannen om in bettere oergong fan sâlt nei swiet wetter te meitsjen. Yn de âlde see-earm is noch hieltyd fegetaasje te finen dy't dêr is troch it sâlte ferline fan it gebiet. Mar it ferrûget ek. Sâlt of brak wetter soe dêrby helpe kinne. Ek foar fisken dy't sawol sâlt as swiet nedich hawwe is it in útkomst.
Natuerorganisaasjes oerlizze hjir al in skoftke oer mei de boeren út de streek. Dy hawwe no al te krijen mei fersilting út it Waad wei. Der is in oanpak betocht wêrby't sawol de natuer as de boeren holpen wurde.

Tsjien miljoen euro

De 10 miljoen euro dy't troch de provinsje Grinslân en wetterskip Noorderzijlvest oanfrege en honorearre is, wurdt foarearst brûkt om de slûzen mear en langer iepen te setten. Mei in mjitnetwurk wurdt sjoen watfoar effekt dat hat op fisken en op de fersilting. Op de lange termyn wurdt der sjoen nei in mear natuerlike oplossing.
De Boschplaat © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op Skylge is al in skoft wurk makke fan plannen foar de Boschplaat op de eastkant fan it eilân. It kweldergebiet is in wichtich natuergebiet, mar der binne bedrigingen. In kwelder is in sâlt wettermiljeu en dat sâlte wetter kin der no allinnich mar fan de Waadkant ynkomme. Eins soarget dat derfoar dat benammen dêr in soad lân yn see ferdwynt.
Kalkryk sân fan de Noardsee ôf om de kwelder meigroeie te litten mei it feroarjende klimaat komt der no hast net, omdat der in seestripe tusken de kwelder en it Noardseestrân sit. Boppedat ferrûget it gebiet mei planten en beammen dy't folle minder fan dat sâlte miljeu ôfhinklik binne.

Hast 10 miljoen

Mei de hast 10 miljoen euro fan it Ryk kin derfoar soarge wurde dat dy ynfloed fan de Noardsee troch de seestripe hinne komt. Dy dynamyk keppele oan it beweidzjen en mooglik ek wat ôfplagjen fan it natuergebiet kin de bysûndere natuerwearden fan it gebiet werstelle.
Harns © Port of Harlingen, Joachim de Ruijter
Der leit ek noch in oanfraach fan 20 miljoen euro dy't noch net honorearre is. En dat binne natuermaatregels dy't kombinearre wurde kinne mei de dykfersterking Koehoal-Surch. Inselde soart proses is al langer geande by de dykfersterking tusken Koehoal en Lauwerseach.
It foarstel wie no noch te globaal om dat bedrach hjirfoar oer te meitsjen. It Ryk wol witte op hokker wize in natuerynklusive seedyk bydrage kin oan it ferbetterjen fan de Waadnatuer.

Konkrete doelen

Wetterskip Fryslân lit witte dat der benammen foar Harns al trije konkrete doelen op papier stean. Dat is ûnder oare de ûntwikkeling fan kwelders. Dy binne der no net. Ek moatte de mooglikheden foar fiskmigraasje ferbettere wurde.
En der moatte mear saneamde 'getijdepoelen' komme. Dat binne plakken dy't meastentiids ûnderyn of ûnderoan de dyk makke wurde dêr't wetter yn stean bliuwt by leech wetter.