HEA! Hits út Snits foar it goeie doel

HEA! Geheime stjoerders
'Hits út Snits', sa hjit de maratonradioútstjoering fan trije 'geheime' stjoerders út Snits. De Notaris, RVN en de Vliegende Hollander ha foar dizze dagen in fergunning krigen om mei dizze útstjoering jild yn te sammeljen foar it goeie doel.
Twa wiken lang draaie de 'legale' piraten plaatsjes op fersyk. Der binne allegearre aktiviteiten om de útstjoerings hinne, lykas bingo en in feiling. Ek ferskate artiesten meitsje live harren opwachting. De opbringst is foar minsken dy't it net sa breed ha. Op Aldjiersjûn wurdt der sels in waskmasine kado jûn oan immen dy't dat goed brûke kin.