De toan fan Froukje Sijtsma: "Read-wite soerstokjes en krystferskes"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Om alfêst wat yn de waarme desimbersfearen te kommen geane we op in roetkâlde sneintemiddei nei Snits. Grutte kâns dat we dêr op de krystmerk de krystman moetsje sille. Mar mocht dat net slagje, dan kinne wy ek ús hert ophelje by in ferskaat oan kreamkes en krystkoarkes yn de binnenstêd. En fansels is der waarme poeiermolke en glühwein.
Underweis nei Snits freget myn freon oan myn dochter wêr't sy oan tinke moat by de krysttiid. "No, oan fan dy read-wite soerstokjes dy't yn de krystbeam hingje." Oft se dy alris preaun hat dan? It antwurd is nee. En dus wurdt dat dy dei yn Snits ús misje: sykje nei read-wite soerstokjes. Neat gjin drokte om resepten foar it krystdiner of pakjes ûnder de beam. Gewoan, read-wite soerstokjes.
De toan fan Froukje Sijtsma
It is fansels in wat 21-iuwske opfetting fan de betsjutting fan de krysttiid. Troch de ûntsjerkliking en it feroarjen fan de gearstalling fan ús mienskip hawwe minsken folle minder bining mei it ferhaal fan berntsje Jezus. Kryst stiet hjoed-de-dei folle mear yn it teken fan gesellige dagen mei freonen en famylje mei in tafel fol lekker iten en pakjes ûnder de krystbeam.
Sels bin ik kristlik grutbrocht, ek al gienen wy net nei tsjerke. Dochs woenen myn suskes en ik as bern altyd graach nei de krystnachttsjinst ta. It wie in magysk gefoel om yn in waarme en moai ferljochte tsjerke te sitten, wylst it bûten tsjuster en kâld wie.
In oar leafderyk gefoel haw ik oan it wekker wurden op earste krystdei yn myn bernetiid. Wannear't de Hallumer fanfare moarns ier en betiid troch de buorren krystferskes spile. Meast bleau it korps by ús op de hoeke stean te spyljen en waarden der stikjes krystbôle útdield.
Dat gefoel fan hiel kalm wekker wurde troch harmonieuze klanken fan in muzykkorps yn de fierte, dat mis ik noch wolris. Krystferskes en koperklanken yn de betide krystmoarn. Muzyk ropt in gesellich gefoel fan de krysttiid op.
Ik bin benijd wat it letter foar myn dochter betsjutte sil. Se sit op in iepenbiere skoalle en ik wrakselje mei wat ik har meijaan wol fan it kristlik leauwe. Want los fan religy, binne al dy bibelske ferhalen fansels ek in belangrike kaai ta in part fan ús skiednis en kultuer.
It rekke my dan ek doe't ik seach hoe't myn dochter oandachtich nei krystferskes harke. Yn har syktocht nei read-wite soerstokjes, huppele it famke ynienen by my wei. Sy krige in groepke sjongers yn it fizier. As in magneet waard se oanlutsen troch de mearstimmige a capella-ferskes fan krystkoar De Kerststerren.
Yn in heale sirkel stie in ploechje manlju en froulju yn swarte jassen mei swart-wite bûntmûtskes mei ljochtsjes deryn, te sjongen oer kindeke Jezus. Myn dochter koe der mar net genôch fan krije. Se stie mei te swingen op it ritme fan de ferskes. Ek ferskate oare bern kamen ôf op de klanken fan it koar, wylst harren heiten en memmen longerjend loerden nei it kreamke mei waarme poeiermolke en glühwein.
Ferklomme rûnen wy úteinlik in winkel yn om in bytsje op te waarmjen. En dêr seagen wy se hingjen: de read-wite soerstokjes. De ferkeapster frege oft myn famke ek ientsje hawwe woe. Sobjend op har soerstôk moasten wy gau wer nei bûten, want it Jouster popkoar sette in nij krystferske yn. Miskien is dat dan wol wat har it measte rekket oan de krysttiid. Read-wite soerstokjes, mei op de achtergrûn moaie krystferskes."