Ljouwerter dj Sophie Hijlkema yn Glazen Huis hat corona, mar aksje giet troch

De yn Ljouwert berne dj Sophie Hijlkema, dy't foar Serious Request fan NPO 3FM yn it Glazen Huis sit, is posityf test op corona. Hijlkema sit mei noch twa oare dj's yn it hûs yn Amersfoort en ek ien oare kollega, Rob Jansen, is besmet.
Yn oerlis mei de tredde dj, Barend van Deelen, is besletten om troch te gean mei de aksje. Troch de positive tests hat 3FM it evenemint oanpasse moatten. Gasten dy't delkomme by it Glazen Huis dogge harren petearen mei de dj's no bûten fia de brievebus, lykas alle besikers.
It trijetal bliuwt de kommende dagen ûnder tafersjoch fan in húsdokter. Alle plande optredens kinne trochgean en fine plak yn de buert fan it hûs.
Serious Request sammelet dit jier jild yn foar stichting Het Vergeten Kind. De aksje duorret noch oant krystjûn.