Bou nij swimbad De Welle yn Drachten kostet 12 miljoen euro mear

Untwerp foar it nije swimbad yn Drachten © Hooper Architects
De realisaasje fan it nije swimbad De Welle yn Drachten kostet ûngefear 12 miljoen euro mear. Dat docht bliken út in technyske update oan de ried fan Smellingerlân.
De ôfrune tiid is der ûnderhannele mei boubedriuw Dijkstra Draisma, mar de bou falt djoerder út as de 35 miljoen dy't yn 't foar rûsd wie. "De omstandigheden zijn anders", seit wethâlder Pieter van der Zwan fan Smellingerlân, "We wisten van tevoren dat het meer zou gaan kosten, door onder andere de tariefstijgingen in de markt. Alles wordt duurder, dus ook het bouwen van een zwembad."
Der wiene mar twa bedriuwen dy't har ynskreaun hawwe foar de oanbesteding, seit projektlieder Mark Westra fan advysburo OLCO. "Dijkstra Draisma heeft zich als enige ingeschreven op het bouwkundige deel, dus zijn we daar mee in onderhandeling gegaan."
"Daar waren twee belangrijke voorwaarden: er mag geen wijziging komen in de opdracht en de planning moet ook blijven staan. We hebben elke week overleg gehad vanaf begin oktober." De ûnderhannelingen resultearje yn in 'BAFO' (Best and Final Offer): in sa goed mooglik, lêste oanbod.
It hjoeddeiske swimbad De Welle yn Drachten © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Nettsjinsteande de ekstra kosten, is it akseptearjen fan de BAFO neffens Mark Westra de bêste kar. "Het niet accepteren zou tot meer kosten leiden. Denk aan stijgende prijzen van materialen. Daarnaast zou het minimaal 1,5 jaar vertraging opleveren om het project te realiseren."
Dy fertraging smyt ek problemen op foar it hjoeddeiske swimbad De Welle. "Want er is steeds het puur noodzakelijke onderhoud gepleegd, er komt immers een nieuw bad. Daarnaast zouden de energiekosten voor De Welle nu al een probleem kunnen zijn. Die stijgen waarschijnlijk nog meer."
It folslein oanpassen fan it plan foar de bou fan De Welle soe noch mear fertraging en kosten opsmite.
Ik foel sawat fan myn stoel doe't ik dat hearde.
Yntze de Vries fan de ELP oer de ekstra kosten fan 12 miljoen euro
Yntze de Vries fan opposysjepartij ELP is skrokken fan de ekstra kosten. "Ik foel sawat fan myn stoel doe't ik dat hearde. Dat is 33 prosint mear as rûsd wie op it projekt. Dêrby binne net iens alle risiko's bekend. Dus dêr't we einigje, dat wit ek noch gjinien."
Op 7 febrewaris moat de ried der in klap op jaan, neffens it advysburo om útstel foar te kommen. "Wy moatte no ûnder tiidsdruk in beslút nimme, wylst wy wier net witte wêr't wy in beslút oer nimme." De arguminten dat útstel alinnich mar ekstra kostet, gean der by De Vries net yn.

Druk

"As je dat sizze, dan binne je net berekkene op je taak. Dat je ûnder druk fan de opdrachtnimmer in beslút nimme dat slecht is foar ús ynwenners, it is allegear bangmakkerij om ús as ried wer ûnder druk te setten. Wy hawwe wol deeglik in kar, mar dan moatte wy as ried de hannen yninoar slaan en dat is sawiesa in probleem yn de polityk."
© Hooper Architects
Neffens wethâlder Van der Zwan is it logysk dat der tiidsdruk op it beslút sit. "Het is al zoveel vertraagd. De raad heeft in 2017 al de eerste schetsen en plannen besproken met elkaar. Dus als we beginnen over tijdsdruk, kan ik ook wel zeggen dat het verleden wel doorrekent naar nu. Ik ben vanaf moment 1 vanaf mijn aantreden direct transparant naar de raad geweest en heb alles neergelegd wat ze moeten weten", seit Van der Zwan.
"De raad heeft altijd een keus en is uiteindelijk de eindbeslisser, maar elke keuze heeft ook een consequentie. En dat heet volgens mij besturen. We kunnen doorgaan, we kunnen stoppen en we kunnen ook iets anders gaan doen. In elk scenario zien wij extra kosten en dan is het aan de raad om te besluiten waar we wel of niet voor gaan."
As de ried op 7 febrewaris akkoart giet mei de plannen fan it kolleezje, dan moat foar de krystdagen takom jier it swimbad klear wêze. Nei alle gedachten kin it dan yn jannewaris 2025 yn gebrûk naam wurde.