Opfanglokaasje by fleanbasis bliuwt bêste opsje, sizze COA en kolleezje Ljouwert

It eardere túnsintrum oan de Troelstrawei © Omrop Fryslân
It eardere túnsintrum oan de Troelstrawei yn Ljouwert bliuwt it bêste plak foar in takomstige regionale opfanglokaasje (ROL) foar 450 flechtlingen. Dat fynt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Der wie in soad krityk op dy lokaasje, ûnder oare fanwegen de lizzing: ticht by de fleanbasis. It lûd fan strieljagers soe bygelyks skealik wêze kinne foar traumatisearre flechtlingen, sizze omwenners. Definsje wie yn earste ynstânsje ek tsjin dit plak, mar sy hawwe harren beswieren yntusken ynlutsen.
Fanwegen de twivels oer it plak oan de Troelstrawei hat de gemeente ûndersyk dwaan litten nei twa oare lokaasjes dy't oanbean waarden as mooglik plak. Dat wienen it Westcord Hotel oan de Heliconwei en in noch te bouwen wentoer foar studinten oan de Ubbo Emmiusleane.
Mar dy lêste is te djoer en der is net genôch romte yn it gebou, seit it gemeentebestjoer. It hotel is just wer te grut, der is gjin bûtenromte en de kosten binne te heech.
It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) wol dêrom trochgean mei de ûntwikkeling fan de ROL oan de Troelstrawei. It kolleezje fan de gemeente Ljouwert freget de ried om dêroan mei te wurkjen.