Provinsje Fryslân sil wer stikstoffergunnings ferliene

De provinsje Fryslân sil fan jannewaris 2023 ôf wer stikstoffergunnings ferliene. Dat proses waard earder dit jier stillein fanwege in útspraak fan de Ried fan Steat oer de net-bewiisde wurking fan emisje-earme stâlflierren.
It tal oanfragen dat troch de provinsje noch beoardiele wurde moat, is troch it stillizzen fan de fergunningferliening oprûn oant 200.
Dêrnjonken binne der noch 200 saneamde PAS-melders (bedriuwen dy't frijsteld wienen fan de fergunningsplicht foar stikstofdeposysje) dy't noch wachtsje op legalisaasje.
Fergunningsoanfragen foar in emisje-earme stâlflier wurde foarearst net ferliend. Oare oanfragen wurde beoardiele oan de hân fan in rekkenprogramma.