Ynternasjonaal akkoart bioferskaat is "steuntje in de rug" foar Fryslân

Drokte yn de fiskerijhaven fan Harns © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It akkoart dat moandei yn Montreal sletten is foar de beskerming fan it bioferskaat yn de wrâld mei grif histoarysk neamd wurde. Dat fynt Anna Silvius fan de provinsje Fryslân. Silvius is manager fan it programma dat him dwaande hâldt mei it weromkrijen fan it bioferskaat yn Fryslân.
Neffens Silvius wurdt er yn Fryslân troch in hiel soad minsken al wurke oan it weromkrijen fan it bioferskaat en binne der moaie inisjativen op dit mêd. Se neamt it akkoart ek foar Fryslân "een steuntje in de rug".
It akkoart is sletten troch 196 lannen en moat derfoar soargje dat 30 persint fan de natuer yn de wrâld in beskerme status krijt. Op dit stuit is mar goed 15 persint fan it lân en binnenwetter beskerme en net mear as 8 persint fan de seeën en oseanen.

Minsklik hanneljen

In hiel soad biste- en plantesoarten driigje út te stjerren of binne al útstoarn. It akkoart wol hjir in halt oan ta roppe en besykje om dizze beweging wer om te draaien.
De skea oan de natuer wurdt foaral feroarsake troch minsklik hanneljen. Yn it foarste plak troch de agraryske sektor (feehâlderij, ikkerbou, fiskerij, houtkap, útputting fan grûn en pestisiden) en de taleverings- en ferwurkingsyndustryen dy't hjir oan fêst hingje.
Mar ek de yndustry, it ferfier en it hege datagebrûk yn de IT-sektor binne flink skuldich oan de weromrin fan de soarterykdom en skea oan it miljeu.

Miljarden

Under it akkoart wurde hûnderten miljarden frijmakke om de skea oan de natuer te kearen. Rike lannen moatte sa'n 20 miljard dollar yn it jier bydrage oan lannen dy't de maatregels net betelje kinne. En dat bedrach rint oant 2030 op oant 30 miljard en noch folle mear yn de jierren dêrnei.
Fierder wurdt ûndersocht oft skealike oerheidssubsydzjes ôfskaft wurde kinne. Dêrby kin bygelyks tocht wurde oan Europeeske lânbousubsydzjes.
Harkje nei it ynterview mei Anna Silvius