Boalsert set yn op restwaarmte fan suvelferwurker om 700 huzen te ferwaarmjen

De stêd Boalsert © Shutterstock.com (Steve Photography)
Mei help fan fjouwer bedriuwen yn Boalsert is it mooglik om dêr mei-inoar 1.280 huzen mei restwaarmte te ferwaarmjen, sa docht bliken út ûndersyk. Benammen Hochwald, in bedriuw yn suvelferwurking, smyt in soad restwaarmte op.
It giet om Hochwald, UCC Coffee, Elis en de rioelwettersuveringsynstallaasje. Benammen it bedriuw Hochwald kin in soad waarmte opsmite. Sa'n 700 huzen kinne mei de restwaarmte fan it bedriuw ferwaarme wurde. De oare bedriuwen kinne mei har restwaarmte 580 huzen ferwaarmje.
Gemeente Súdwest-Fryslân set dêrom foarearst troch mei Hochwald, dy't waarmte foar de wyk Boalsert-Noard leverje kin. Foar de mooglikheden fan de oare bedriuwen wurdt noch in 'waarmtefisy' opsteld.
It ûndersyk nei de mooglikheden is dien troch advysburo Fakton en Ede Wageningen Ingenieurs.