HEA! Goeie! Hekkelje yn Suwâld

HEA! Goeie! Hekkelje
Rintje Schievink fan Suwâld is it hekkelguod oan it opromjen. Op syn frije dei hat er de sleat hekkele foar himsels en foar de buorman. It is moai waar en hy hat der no moai efkes de tiid foar.
Rintje sit noch yn it wurkproses, mar op syn frije dagen is er graach bûtendoar mei syn hûn Abe. Hy bout foar syn wurk benzinestasjons. Dêr is er yn rûgele troch syn heit. It is in bysûnder fak. Hy docht dit wurk al 37 jier en hat it bot nei 't sin.