LDODK besoarget koprinner PKC earste nederlaach

Femke Faber © Marco Spelten
LDODK hat sneon ferrassend wûn fan koprinner PKC út Papendrecht. Yn de eigen sporthal waard it 24-21 foar de ploech fan coach Gerald Aukes.
LDODK begûn goed oan de wedstriid. Al nei 12 tellen sette Ran Faber de thúsploech op foarsprong. It kaam sels efkes mei fjouwer punten foar (11-7), mar dêrnei skoarde PKC fjouwer kear op rige en wie it wer lyk: 11-11.
Beide ploegen skoarden dêrnei om en om. By it skoft hie LDODK in minimale foarsprong: 15-14.
PKC wie it iennige team dat noch sûnder nederlaach wie dit seizoen. Opmerklik is dat se tsjin LDODK net ien kear op foarsprong stien ha.
Hichtepunten LDODK-PKC

Femke Faber yn foarm

Yn de twadde helte gie it lang lykop, mar yn de slotfaze makke LDODK it ferskil. Op de stân 21-21 wie it ynternasjonal Femke Faber dy't mei har sânde en achtste treffer de swierbefochten oerwinning oar de streek helle. Oan de ein fan de wedstriid stie der 24-21 op it skoareboerd foar de ploech fan De Gordyk.
De topskoarders fan LDODK wiene Femke Faber (8), Julian Frieswijk (6) en Ran Faber (5).
Femke Faber oer winst tsjin PKC
Yn de alve jier dat LDODK yn de Kuorbal League spilet hienen se oant sneon ta noch mar ien kear wûn yn eigen hûs tsjin PKC. Op 20 desimber 2014 waard it doedestiids 23-17 foar de Friezen. Yn dat team spilen André en Erwin Zwart, en wie Femke Faber foar it earst spiler yn it earste team.
LDODK en PKC spilen oant sneon tweintich kear tsjininoar op it heechste nivo. De Papendrechters wienen sechstjin kear de sterkste, en twa kear waard der lykspile. Twa jier lyn wist LDODK foar it earst yn Papendrecht te winnen (22-23). Yn de play-offs wist PKC de Gordyksters alle fjouwer kear te ferslaan.
Reaksjes LDODK - PKC

Stân Kuorbal League

TEAM DUELS PUNTEN
1. DVO 6 9
2. Fortuna 6 9
3. PKC 6 9
4. LDODK 6 7
5. KZ 6 6
6. KCC 6 5
7. DOS'46 6 5
8. Groen Geel 6 5
9. Blauw Wit(A) 6 5
10. Unitas 6 0