FIDEO: In oade oan de ko yn Turns

In oade oan de ko yn Turns
Wat betsjut de ko foar de mienskip? Dat is de fraach dy't sintraal stiet op in eksposysje yn it doarpke Turns. Op de pleats fan de famylje De Boer wie fan 'e wike in gearkomste.
Inisjatyfnimster Willy Bergsma stelde oan bern de fraach wat de ko foar harren betsjut. Sy earen it bist op in bysûndere wize. Sa wie der in gedicht makke troch Ytsje Hoekstra.
Dizze 'Oade oan de ko' yn Turns wurdt sjoen as in proef. Takom jier komt der in ferfolch, mar dan grutter. Dan dogge der sawat tolve pleatsen oan mei.