Kampanje foar skoalreedriden úteinset: "Alle bern foar har trettjinde it iis op"

De start fan de kampanje foar it skoalreedriden © Omrop Fryslân
Yn de Elfstedenhal yn Ljouwert is freed it startskot jûn foar in kampanje om mear skoalbern oan it reedriden te krijen. Yn Fryslân ha 177 skoallen wolris oan it skoalreedriden west, mar neffens de organisaasjes efter de kampanje moatte dêr noch in hiel soad by.
Sûnt de simmer fan 2022 wurkje de Provinsje Fryslân, Sport Fryslân, Gewest Fryslân, de Sven Kramer Academy en de reedrydskoalle 11S gear om safolle mooglik bern de wille fan it reedriden belibje te litten. Harren kampanje is rjochte op skoalbern fan de groepen 5 oant en mei 8.
Start kampanje skoalreedriden
It wie glêd op 'e dyk en op it skoalplein fan OBS De Opstap yn Oentsjerk freedtemoarn, mar fol entûsjasme setten bern fan groep 5 en 6 ôf om te skoalreedriden yn Ljouwert. "Ik ha in hiel soad sin om te reedriden", sei Annebrecht. "Mar ik ha dit al faker dien, hear!"
Direkteur Jacoba van der Wal fan De Opstap fynt reedriden wichtich foar de bern. "Reedriden leare heart der no ienkear by yn Fryslân. Wy dogge al jierren oan skoalreedriden mei ús skoalle." Op ferskate dagen yn de winter kinne skoalbern de saneamde 11Steden Battle ride. Se kinne dan rûntsjes ride en in kaartsje stimpelje litte.

Fryske identiteit

Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân wit dat reedriden noch altyd spilet yn ús kultuer, mar dat it net mear fansels is yn de opfieding. "Namste wichtiger is it dat dêr wer jild en oandacht foar komt. Dat de bern it iis ûntdekke en wille hawwe", seit De Vries. "Wy hawwe eartiids altyd riden. Der wiene riderijen. Skûtsjeskippers wiene ek riders yn de winter, nammentlik spekriders. En we binne de grutste kampioenen yn Fryslan."
Bern op wei nei it skoalreedriden © Omrop Fryslân
"Ast no sjochst wat der gebeurt as it in bytsje friest", ferfolget De Vries. "We wolle mei-inoar op it iis wêze. Dat heart by ús, dat is in stikje fan ús identiteit. It giet net om gouden medaljes. Mar hoe mear as bern ride leare, hoe grutter de kâns dat talinten trochgroeie. Dat soe prachtich wêze."
Deputearre Friso Douwstra iepene de kampanje, mei de oare organisatoaren. "Alle bern foar har trettjinde it iis op, dêr geane wy foar", sei Douwstra. "En as in part fan dizze bern kiest foar de sport, soe dat prachtich wêze."