Fryslân hat noch in goede hûndert AED's nedich foar dekkend netwurk

AED yn Dronryp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der binne yn Fryslân noch goed 100 AED's nedich om it netwurk provinsjebreed folslein dekkend te krijen. Dat seit de Hartstichting.
Op dit stuit binne der ûngefear 1300 AED's oanmeld yn 'e provinsje. Sawat tûzen dêrfan binne 24 oeren deis te brûken.
Om it netwurk folslein dekkend te krijen, moat yn elk plak op maksimaal 500 meter ôfstân in AED te finen wêze. Benammen yn Ljouwert, Drachten en op It Hearrenfean is dat net oeral it gefal, sa is te sjen op de kaart fan HartslagNu.
In AED, of Automatische Externe Defibrillator, kin it hertritme werombringe by in hertstilstân en jout elektryske skokken. Hy kin troch EHBO'ers en boargerhelpferlieners brûkt wurde yn in needsituaasje, benammen minsken mei in hertstilstân.
Kinst AED's faak fine op iepenbiere plakken lykas treinstasjons, sportakkommodaasjes en fleanfjilden. Ek de plysje en brânwacht ha in AED by harren. Wannear't in helpferliener it apparaat oanslút, kin de AED sjen oft it nedich is om in skok ta te tsjinjen om it hert wer op gong te bringen. Op dy wize kin der help ferliend wurde oant ambulânsepersoniel it oernimme kin.
"Wy ha in oanrydtiid fan tolve oant fyftjin minuten", leit Andries Fokkema út. Hy wurket op in ambulânse by Kijlstra. "Al nei fiif minuten kin der skea yn 'e holle ûntstean. Dan kinst wol neigean dat dy earste pear minuten, mei boargerhelpferlieners dy't in AED brûke kinne, hiel wichtich binne."

Fokkema sjocht hieltyd faker dat der minsken holpen wurde mei in AED. "Yn de jierren njoggentich wie it persintaazje fan in slagge reanimaasje 9 persint. Tsjinwurdich sit dat op 25 persint, en dat komt troch de oanwêzichheid fan AED's. Der binne wy fansels hiel bliid mei."

Tredde AED yn Dronryp

Ien fan de wite plakken op de kaart fan Fryslan lei yn Dronryp. Dêr hiene se al wat AED's, mar koene se noch wol ien brûke om it netwurk dekkend te krijen.
"Wy woene dy flek graach oplost ha", seit Aly Minke van Beem fan doarpsbelang, dat foar in part meibetelle oan it apparaat. "We hiene al twa dy't 24 oeren deis te brûken wiene, en no ha we trije. Dêrmei is it wite plak fan de kaart."
Yn Dronryp ha se sûnt novimber in tredde AED derby yn it doarp
Yn it doarp binne 68 minsken dy't harren oanmeld ha fia de app fan HartslagNU. Dy app stjoert by in needgefal in melding nei elkenien yn 'e buert fan de situaasje. Sa kin der binnen in pear minuten help komme fan in pear minsken dy't in AED ophelje en nei it plak gean dêr't se nedich binne.
"Ik bin sels wol in pear kear oproppen", seit Van Beem, dy't sels ek boargerhelpferliener is. "Mar dan wie der tafallich al in ambulânse of plysje by, dy't ek in AED ha. Gemiddeld krigest as boargerhelpferliener hjir yn Dronryp trije kear in oprop yn it jier."