Douwstra fynt ophâlden Van der Molen spitich: "Ien dy't de Fryske saak altyd behertige"

It cv fan Friso Douwstra © Omrop Fryslân
Frysk Keamerlid Harry van der Molen makke freed bekend dat er ophâldt as Twadde Keamerlid foar it CDA. Deputearre Friso Douwstra fan CDA Fryslân neamt it in gemis foar Fryslân.
"Ik fyn it hiel spitich, mar ik begryp it ek wol wer", seit Douwstra. "Allerearst om de moaie persoanlike relaasje dy't we mei-inoar hawwe, dy't yn Den Haag wurket. Dy relaasje bliuwt wol, mar net mear op dat plak."
Dêrneist giet neffens Douwstra ek in stim foar de belangen fan Fryslân yn Den Haag ferlern. "Ien dy't de Fryske saak altyd behertige en ek wol hiel goed wie om it gefoel fan de mienskip dêr oer te bringen", seit Douwstra oer Van der Molen. De deputearre soe graach in Fryske opfolger sjen.
Ik wol fansels dat der in hiel goede kristendemokraat sit, dat is Harry yn 'hart en nieren'. Dat hâldt no op.
Deputearre Friso Douwstra
Hy fynt net dat mei it fuortgean fan de CDA'er fan Koatstertille de kontaktpersoan yn Den Haag fuortfalt. "Ik wol fansels dat der in hiel goede kristendemokraat sit, dat is Harry yn 'hart en nieren'. Dat hâldt no op."
"It is net sa dat der gjin oare Keamerleden mear binne binnen it CDA, mar ek minsken dy't yn de Rânestêd wenje en it hert echt wol op it juste plak ha foar hiel Nederlân. Dy kinne wy altyd oansprekke."

Provinsjale Steateferkiezingen

Tiisdei hat de Fryske fraksje fan it CDA it ferkiezingsprogramma fêststeld foar de ferkiezings fan maart. Douwstra sei dêrby dat ôfstân nommen wurde moat fan it 'neoliberalisme'.
"Wy wolle mear de fokus op wy en minder op it ivige rendemintstinken. Wy moatte ek sjen nei it rendemint foar de mienskip", fynt er.
Douwstra wol ôfskied nimme fan 'neoliberalisme'
It giet dan om "it effekt fan ryksregels dy't oer it sket smiten wurde". Douwstra fynt dat by plannen fan it Ryk ek nei de sosjaalekonomyske en maatskiplik ympakt sjoen wurde moat.
Neffens de Deputearre is it systeem no sawol lanlik as provinsjaal te bot ynsteld op dat it rendemintstinken. "It is dêr fiersten tefolle op rjochte. Dat wy sizze dat wat net kin omdat der krekt net genôch op fertsjinne wurdt."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Friso Douwstra.
"Ik sis net dat alles no ferkeard is, mar wy moatte derom tinke dat wy mei ús allen yn Fryslân wenje, en dat wy de fokus ha moatte op de takomst fan ús allen."
De VVD is in liberale partij, jout Douwstra ta, mar ôf fan it neoliberalisme betsjut foar him gjin brek mei dy partij. "Der binne ek saken wêroer't wy it hartstikkene iens binne, bygelyks oer de Lelyline."

Takomst fan CDA Fryslân

"It CDA is in kristendemokratyske partij dy't yn Fryslân springlibben is", seit Douwstra foarútsjend op de Provinsjale ferkiezings fan takom jier. Hy is net benaud foar ferlies. "Dêr bin ik oprjocht net mei oan de gong."
Oan de ferkiezings dogge njonken de sittende partijen ek nije partijen lykas BoerBurgerBeweging (BBB) mei. "Ik bin bliid dat partijen meidogge, ek in BBB docht mei. Ek dêrmei sille wy as dy yn de Steaten komt gearwurkje."
Douwstra wol gearwurkjen bliuwe mei VVD
It CDA is neffens him net dwaande mei konkurrinsje. "Wy binne dwaande mei de takomst fan Fryslân. Fryslân stiet ûnder druk. Troch plannen fan Brussel, mar ek fan Nederlân."
Sitten bliuwe neffens Douwstra wol wichtich om wat dien te krijen. "Wat mear sitten oftst hast, wat mear fan dyn programma en wearden oftst foarinoar krije kinst", seit de CDA'er. "Mar de grutste partij hat ek in grutte ferantwurdlikheid, dat ha wy ek altyd hân."

Lelyline

De ôfrûne fjouwer jier hat it CDA yn it kolleezje sitten mei de FNP. Sûnt in pear moannen hat de FNP him tsjin de komst fan de Lelyline keard. It CDA is noch hieltyd foar de komst fan dy spoarline troch Fryslân.
"Dit soarte fan saken binne foar ús gjin brekpunt. It is in wichtich punt, mar brekpunten sitte by my op medyske en etyske ôfspraken", leit Douwstra út. "Sa't Forum voor Democratie nei minskwearde sjocht, dat is foar my in brekpunt."
It stânpunt fan de FNP oer de Lelyline is gjin brekpunt foar CDA Fryslân
Douwstra sil him hoe dan ek hurd meitsjen bliuwe foar de Lelyline. "Ik leau der hillich yn dat de mearderheid fan Fryslân dat ek wol. Dêr geane wy foar."
De ferkiezings sille der neffens de deputearre dúdlikheid yn bringe moatte. "De minsken hawwe wat te kiezen. As je foar de Lelyline binne, moatte je op dat ûnderwerp net by de FNP wêze. Dat is dúdlik."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân