Ljouwert krijt miljoenen foar nije wenwyk De Fellingen: "Dêrmei kinne we los"

Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Ljouwert krijt 3,5 miljoen euro út de pot fan minister Hugo de Jonge foar it mei ekstra faasje bouwen fan betelbere keaphuzen en sosjale hierwenningen yn De Fellingen. Dat is in ûnderdiel fan de grutte nijbouwyk Middelsee.
Yn de nije wyk tusken de Overijsselselaan en it spoar Ljouwert-Zwolle komme mei-inoar 3.200 huzen en in grut ferskaat oan foarsjenningen. Yn De Fellingen komme sa'n 650 wenningen.

Ferskate doelgroepen

De Fellingen moat in wyk wurde foar ferskate doelgroepen. Mei wat djoerdere huzen, mar dus ek betelbere wenningen. Boppedat sil it in wyk wurde mei minder auto's. Parkearje moat op grutte parkearplakken en kin net op in eigen oprit. Fytsers krije de romte en der komt ek in grut park: it Redbadpark.
Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert is wiis mei it ryksjild. "Dit helpt ús it finansjeel rûn te meitsjen en dêrmei kinne we gewoan los. It bestimmingsplan wurdt oan it begjin fan it nije jier oan de gemeenteried foarlein om fêst te stellen." As it bestimmingsplan goedkard wurdt, kin der in bouwer socht wurde, seit De Haan.

Nijbou op oare plakken

Al mei al sil it noch wol in pear jier duorje foardat de huzen der stean, ferwachtet de wethâlder. "Mar yn de tuskentiid bouwe we ek op oare plakken." Ljouwert sil de kommende jierren ek nijbou realisearje op bygelyks it plak fan it âlde Cambuurstadion, yn de wyk Heechterp en yn it plan Spoordok.