Jeugdhulp wurket oan alternatyf foar lêste jongelju nei krapte Woodbrookers

Bestjoerder Johan Krul fan Jeugdhulp Friesland © Omrop Fryslân
Dat Woodbrookers yn Koartehimmen ynkrimpt, hat neffens bestjoerder Johan Krul fan Jeugdhulp Friesland te krijen mei personielskrapte. It behannelsintrum bliuwt takom jier noch foar acht jongelju mei swiere gedrachsproblemen draaien.
De acht plakken dy't bliuwe, binne foar jongelju yn de sletten jongereinsoarch. "Dat is een groep met ernstige gedragsproblemen, waar we nog een alternatief voor moeten bieden", leit Krul út.

Alternativen sykje

Hy hopet dat der foar de ein fan 2023 ek foar har alternativen fûn binne. "We zijn volop bezig om passende alternatieven op te bouwen, in ambulante zin of in kleinschalige woonvoorzieningen."
Takom jier begjint Woodbrookers mei ynkrimpen. Dat hat te krijen mei in krapte oan gedrachswittenskippers. Net mei de meldingen oer kriminele aktiviteiten en seksueel wangedrach, wêrtroch't Woodbrookers koartlyn yn it nijs kaam.
"Die hebben met dit besluit niets te maken", seit Krul nochris mei klam. "We willen juist de kwaliteit zo goed mogelijk houden in een tijd waarin er personele krapte is ten aanzien van gedragswetenschappers. Het past in een langer plan om langzamerhand de JeugdzorgPlus af te bouwen. Vanaf 2019 zijn we daar al mee bezig."
Woodbrookers yn Koartehimmen © Omrop Fryslân
Foar de lêste acht jongelju is noch wol genôch personiel. It wikselet hoefolle minsken nedich binne, yn guon gefallen is de situaasje sa slim dat der ien-op-ien begelieding nedich is.
"Jeugdzorg Friesland heeft ieder jaar zo'n 3.000 jongeren in behandeling. Het gaat hier om een hele kleine groep met heel ernstige gedragsproblematiek, dat zodanig complex is dat ze die geslotenheid nodig hebben."

Genôch wurk yn de jongereinsoarch

Jeugdhulp Friesland wol alle 65 meiwurkers hâlde, mar foar guon moat binnen de organisaasje oar plak fûn wurde. "Het personeel vindt het natuurlijk vervelend, sommigen werken al jaren op zo'n plek. Aan de andere kant weten ze ook dat in de jeugdzorg veel vacatures zijn, ook bij Jeugdhulp Friesland. Dus we zetten alles op alles om hen te behouden."
Bestjoerder Johan Krul fan Jeugdhulp Friesland