Johan Talsma wint yn Nijlemmer de earste koartebaanwedstriid: "It koe net moaier"

Johan Talsma © Team Frysk
De 17-jierrige Johan Talsma hat de koartebaanwedstriid op natueriis yn Nijlemmer wûn. Talsma rydt by Team Frysk, syn spesjalisme leit yn de sprint.
Nijlemmer hie tongersdeitejûn de primeur fan de earste koartebaanwedstriid fan dizze winter. It wie foar it earst sûnt 2018 dat dizze wedstriid trochgean koe.
Der wie in baan fan 160 meter útset. De wedstriid wie foar manlju boppe de 16 jier, der diene 43 manlju mei.
Talsma begûn as sporter ea mei turnjen en skeelerjen, mar gie troch yn it reedriden. Hy waard in kear tredde op it NK sprint, tredde op it NK ôfstannen mei de 500 meter en wûn de Sulveren Bal by de junioaren.
Bestjoerslid Franke Hoekstra fan IJsvereniging Nijelamer
Franke Hoekstra fan it bestjoer fan IJsvereniging Nijelamer is optein. "It wie in prachtige jûn, in prachtige wedstriid, spannende ritten. It koe net moaier. En it waar siet ek noch mei."
Hoekstra fynt it ek moai dat der wer in nije generaasje riders is. "Yn de earste ronde sieten grutte ferskillen, mar de fierder wy kamen, de spannender it waard. Sy koene inoar oan. En jonge jonges, dêr't wy noch noait fan heard hiene, mar dy't ride koene."

Nije generaasje

Dat fûn it publyk ek geweldich, jout er oan. "De minsken wiene entûsjast en fûnen prachtich dat der wer oaren boppe kamen. Wy tochten, Jesper Hospes sil wol wer winne, mar dy lei der dochs út."
De minsken wisten it lytse doarpke te finen. "It hat dit jier noch noait sa drok west yn Nijlemmer as jûn. Folle mear folk as dat wy ferwachte hiene. Ik tink dat it komt om't wy yn gjin tiden gjin hurdriden hân hawwe", seit Hoekstra. "Mar as wy nei ús list sjogge, binne der noch genôch koartebaanriders. En sy hiene der ek aardichheid oan."
Johan Talsma