3FM-dj Sophie Hijlkema stapt yn it Glazen Huis: "Eer om gevraagd te worden"
De yn Ljouwert berne Sophie Hijlkema giet dit jier mei twa oare dj's it Glazen Huis yn foar de aksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM. Yn Noardewyn fertelt de dj oer har leafde foar muzyk.
Dj wurde wie net in dream dy't se as bern al hie. "Ik wilde iets creatiefs doen en vond het leuk om iets met mijn stem te doen", fertelt Sophie Hijlkema. Se wurke yn in skuonwinkel en hearde in kear yn it middeisskoft in frouljusstim op de radio. "Terwijl ik in een broodjeszaak stond, bedacht ik me opeens dat dj ook een baan is."
Mei gjin inkelde ferwachting naam se in bantsje mei wat teksten op en stjoerde dat nei Hilversum. Trije moannen lang hearde se neat en doe hie se ynienen in miste oprop. "Kom maar langs, zeiden ze." Se die in ynterne oplieding by de NPO en learde sa om radio te meitsjen. Earder hie se alris wurke by in lokale omrop en nei dy NPO-oplieding die se noch mear ûnderfining op by OOG, de lokale omrop fan de stêd Grins.
Sophie & Mart
Yn 2020 wûn se de Marconi Award foar oanstoarmjend talint. Sûnt koart makket se mei Mart Meijer (dy't earder by Radio 538 wurke) it programma Sophie & Mart, op sneons en sneins tusken 9.00 en 12.00 oere. "Met de luisteraar opstaan is magisch. De ochtend is heel fijn."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Muzyk spile altyd in belangrike rol yn har libben. As bybaantsje wurke se yn de Free Record Shop. "Dat was mijn leukste bijbaantje ooit. Ik kon de muziek delen die ik zelf leuk vond." Fia in kollega bedarre se by lokale omrop RTV Ronde Venen yn Mijdrecht. "Ze zochten een vrouw om het weerbericht te doen, dat wilde ik wel, maar dan wel meer dan alleen het weerbericht."
Academie voor Popcultuur
Muzyk brocht har ek wer werom nei har berteplak, dêr't se de Academie voor Popcultuur die. "Ik ben afgestudeerd in zang, ik mag dus zingen, want daar heb ik een diploma voor", seit se laitsjend. Dat sjongen docht se as hobby, soms mei har heit. Se skriuwt ek wolris ferskes, mar wol harsels gjin singer-songwriter neame.
Ik geniet echt van de muziek, die zender past echt bij mijn eigen muzieksmaak.
Sûnder dat der sprake wie fan in bewuste karriêreplanning, sit se as 30-jierrige al wer in skoft by 3FM mei in grut harkerspublyk. "Mensen kunnen iets van je vinden omdat je op de radio bent, maar omdat ik vrij laat ben laat begonnen, ik was 26, wist ik al wie ik was. En mensen mogen er iets van vinden, dat hoort erbij."
Se fielt har thús by de stjoerder. "Ik geniet echt van de muziek, die zender past echt bij mijn eigen muzieksmaak." By it tarieden fan har programma skoot se by de muzykredaksje oan om mei te praten oer de muzyk dy't se draaie sil. "Als ik een nummer wil 'verkopen', moet ik zelf de muziek ook voelen." Se hâldt fan wat se docht en ek fan it wurkplak. "We doen toffe dingen, zoals Serious Request en bieden kansen aan jong talent."
Serious Request
Op 18 desimber om 12.00 oere middeis stapt se mei Barend van Deelen en Rob Janssen it Glazen Huis yn. Dat stiet dit jier yn Amersfoort. Oant en mei 24 desimber wolle se mei de aksje Serious Request dit jier jild ophelje foar de stichting Het Vergeten Kind. "In Nederland groeien 100.000 kinderen op in een ingewikkelde thuissituatie. De stichting geeft ze een dagje uit of ze kunnen op kamp met andere kinderen. Ik ben echt blij met dit doel. En gelukkig kan er dit jaar weer publiek komen."
Het wordt vast een onvergetelijk week en elke euro is mooi meegenomen.
Se wie fernuvere doe't se frege waard om mei te dwaan. "Als kind keek ik zelf ook met natte haartjes in mijn pyjama naar het Glazen Huis en nu ga ik er zelf in zitten. Dat voelt heel gek, maar het is natuurlijk wel een eer om ervoor gevraagd te worden. Het wordt vast een onvergetelijk week en elke euro is mooi meegenomen."

Minsken kinne donearje troch in plaat oan te freegjen en sels aksjes betinke om jild mei op te heljen. Se kinne dat jild stoarte yn de brievenbus fan it Glazen Huis.
Breed ûntwikkelje
Oer de takomst tinkt se net hiel bot nei. "Vooruitkijken is niet mijn specialiteit. Ik vind dit al heel wat." Se hopet har wol fierder ûntwikkelje te kinnen. "Zo breed mogelijk, ik wil bijvoorbeeld ook wel podcasts maken en het lijkt me ook leuk om iets voor televisie te presenteren of mee te doen aan een programma als Het Perfecte Plaatje."
Earst bliuwt se op de radio, dêr't se mei yngong fan takom jier Sophie & Mart tenei tusken 7.00 en 10.00 oere presintearje sil. "Dan maar niet meer op vrijdagavond naar de kroeg."
De list fan Sophie Hijlkema
Artyst | Nûmer | |
Lucinda Williams | Concrete And Barbed Wire | |
Moby | Porcelain | |
Joost | Fryslân Bop | |
S10 en Froukje | Nooit meer spijt | |
Joel Corry & Tom Grennan | Lionheart (Fearless) |