Tsjerke De Fontein yn Dokkum bliuwt yn 2023 ticht

De Fonteintsjerke yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
Tsjerke De Fontein yn Dokkum bliuwt nei 1 jannewaris 2023 foar tsjerketsjinsten ticht. It Classicale College, dy't beswieren behannelet, hat it beswier fan in oantal gemeenteleden om de tsjerke iepen te hâlden ôfwiisd.
Der is noch in mooglikheid om yn berop te gean by it Generale College yn Utert. Oft de gemeenteleden dat ek dogge is noch net dúdlik.
Healwei septimber fan dit jier naam de tsjerkeried fan de protestantske gemeente Dokkum/Ealsum-Wetsens in definityf beslút om De Fontein yn Dokkum fan takom jier ôf te sluten.
De oarsaak leit him benammen yn minder tsjerkeleden en minder ynkomsten. Foar de tsjerketsjinsten sneins kinne minsken tenei terjochte yn de Grote Kerk of De Herberg.

Beslútfoarming

It beslút fan de tsjerkerie soarge foar in soad argewaasje, mei troch de beslútfoarming. In tal tsjerkeleden fynt dat de proseduere om de sluting fan De Fontein hinne net op de juste wize ferrûn is. Dêrom makken sy beswier by it Classicale College, mar dy hat de beswieren 'ongegrond' ferklearre.
De Fontein bliuwt it earste heal jier fan 2023 noch wol beskikber foar ferhier. In offisjele, allerlêste tsjinst folget dan op in letter tiidstip.