It slypjen fan redens lûkt wer oan: "Hjoed binne der sa'n 50 pear klear"

Redens slypje yn Stiens © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It is wer glûpende kâld. Guon fanatikelingen kinne dan mar oan ien ding tinke: reedride op natueriis. Dus krije de slipers yn Fryslân it stadichoan wer drokker.
It slyphok stiet al grôtfol mei tassen fol redens: "Wy ha juster al de hiele dei dwaande west", seit Lars Haijma, hy hat mei syn heit in famyljebedriuw mei ûnder oare in sliperij. "Sneontemiddei waard der wat mear praat oer de kjeld, wy fernimme dat it sûnt dat momint drokker wurdt. Ik tink dat der hjoed wol wer in pear of 50, 60 klear is."
Tassen fol redens om te slypjen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"Mar it is noch net sa hektysk dat se derfoar yn de file steane." Op it drokste punt kin dat wolris barre: "We hawwe wol meimakke dat we om 13.00 oere wer iepen giene en der sa'n 20 minsken foar de doar stiene."
"Earst sjogge we oft se rustich en rjocht binne. Oan de hân dêrfan gean we dermei oan de slach. Dan sette wy se yn in masine om de goede rûning yn de redens te krijen. Dan kinne je goed stjoere en linich oer de ribbels yn it iis hinne."
De fonken fleane derfan ôf by it oanbringen fan de rûning © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Op it lêst wurde de redens mei de hân ôfslipe. "Ik set se dan yn de slyptafel. De ûnderkant is dan noch rûch, mar we wolle der wol op ride, dus moatte se glêd makke wurde. Mei in slypstien helje ik de ribbelkes derôf."
Haijma fynt it slypjen mei de hân noch hieltyd krekter as mei in masine: "It ôfslypjen, kin wol masinaal, mar dy set wol in soad druk op it mes. Dêrtroch giet de rûning der gau wer út. En mei masines kin it nea sa fyn as mei de slypstiennen."
Lars Haijma by it portret fan Andrei Krivosheev © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn it slyphok hinget in aksjefoto fan de Russyske reedrider Andrei Krivosheev: "Myn pake hat him eartiids de mooglikheid jûn om yn Nederlân te trainen. Hy hat jierren by ús yn de famylje yn de kost sitten. Wy hawwe noch hieltyd goed kontakt mei him."
Neffens Haijma wie Krivosheev wol wat in pionier op de klapredens: "Hy wie der hiel gau by. Op de 10 kilometer ried er in Nederlanner derôf dy't noch op fêste redens ried. Dat bliuwt je wol by, dus hy hinget hjir noch moai de pronkjen."