Ynrjochting gebiet om nij Cambuurstadion hinne kostet miljoenen mear en is letter klear

In ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen
De oanlis en de ynrjochting fan it gebiet om it nije Cambuurstadion sille 2,7 miljoen euro mear kostje as pland wie. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei bekend makke.
Op dit stuit is der in tekoart fan 0,7 miljoen. Op basis fan nije berekkeningen, hat bliken dien dat der nochris 2 miljoen nedich is om de beëage gebietsûntwikkeling te realisearjen.
Untwikkeler Van Wijnen hat by in oerlis op 8 desimber oanjûn dat de oarspronlike opleverdatum net helle wurdt. De bedoeling wie om it stadion yn septimber 2023 (by it begjin fan it nije fuotbalseizoen) yn gebrûk te nimmen. Dy termyn sil yn elts gefal net helle wurde.

Opleverdatum ûnbekend

De ferwachting is no dat it stadion tusken desimber 2023 en it foarjier fan 2024 yn gebrûk naam wurde kin. In eksakte datum is noch net te sizzen. Dit komt ûnder mear troch it feit dat it stadion nei ferwachting pas yn 2023 op it stroomnet oansletten wurde kin. Om dit op te lossen, wurdt der sjoen nei in duorsum klimaatsysteem.
It soe betsjutte dat Cambuur de earste helte fan it nije seizoen noch yn it âlde stadion spylje moat.
De wurksumheden binne wol úteinset © Omrop Fryslân, Harm Weistra
Cambuur en de belutsen partijen sille ûndersykje oft it mooglik is om it stadion al yn gebrûk te nimmen op it momint dat it noch net folslein ôfboud is en de gebietsûntwikkeling noch net klear is.

WTC foarderet grûn werom en easket 1 miljoen

Dêrmei binne de finansjele problemen noch net oplost. WTC Ljouwert hat nammentlik in foardering fan 1 miljoen dellein by de gemeente Ljouwert, om't der net foldien wurdt oan de tasizzings om it bestimmingsplan binnen trije jier ôf te meitsjen.
It bedrach fan 1 miljoen euro is in kompensaasje foar de grûn ûnder de supermerken. Fierder easket WTC Ljouwert de grûn werom dy't earder ôfstien wie foar de gebietsûntwikkeling.
De belutsen partijen woenen net in soad oer de kwestje kwyt
Jan Spoelstra fan WTC Beheer wol der net in soad oer kwyt. Hy seit dat se iepen stean foar ûnderhannelings. Benammen om't se wolle dat it gebiet sa gau as mooglik goed ûntwikkele wurdt.
Arjen Oosting fan boubedriuw Van Wijnen wol sa gau as mooglik prate oer de mooglikheden foar it gebiet. "We ha dêr it eardere pân fan de Keamer fan Keephannel kocht. We ha noch in pear oare grûnposysjes by it WTC. We wolle sjen oft we dat oars ynrjochtsje kinne." Oosting stelt dat it orizjinele plan fan 'leasure', frije tiid, net fan tafel is: "Alle opsjes lizze foar ús iepen."
Dat soe ek wenningbou wêze kinne. Mar dat is neffens Oosting lang net oeral mooglik yn it gebiet. "It gebiet lient him boppedat ek foar oare funksjes. Dêr wolle wy oer prate."