Claudia Drost fan Waskemar strûpt de mouwen op yn Jemen: "Ik hear skrinende ferhalen"

Claudia Drost biedt flechtlingen yn Jemen de helpende hân © Claudia Drost
Flechtlingen út Oekraïne en Syrië, dêr is in soad omtinken foar. Claudia Drost fan Waskemar rjochtet har lykwols op in oare kwetsbere groep. Sûnt jannewaris biedt se yn Jemen de helpende hân oan minsken dy't slachtoffer binne fan in skrinende situaasje.
Drost (27) sleat har oan by ACTED, in organisaasje dy't befolkingsgroepen yn need bystiet. Foar har gjin ûnbekende partij. Se wurke der nammentlik ek mei gear yn har tiid yn Irak. Foar en nei dy perioade holp se flechtlingen op Lesbos. In manier fan libjen dy't se no dus yn Jemen fuortset.

Konflikt en hongersneed

Dit lân wurdt teistere troch in miks fan ellinde: gewelddiedige konflikten, ekstreme ûnwissens en in soad earmoed soargje foar 4.5 miljoen lânseigen flechtlingen. Neffens de webside fan ACTED hat 80 persint fan de befolking humanitêre help nedich, en driget goed in tredde te ferhongerjen. De VN joegen earder oan dat de situaasje yn Jemen de grutste humanitêre krisis fan dit momint is.
"Doe't ACTED hjir yn 2012 kaam, rjochte it him op bygelyks wettersystemen oanlizze en it promoatsjen fan hygiëne", fertelt Drost. "Dat feroare yn 2014. Doe kamen der konflikten en waard it saak om libbens te rêden."

Jildpotsje foar earmen

Dat bart op ferskate wizen. Der wurde flechtlingekampen opset, en tekkens en itenspakketten útdield. Ek is der omtinken foar de weropbou. Want troch bombardeminten kaam de ynfrastruktuer yn pún te lizzen. Ynwenners rekken hjirtroch harren huzen en winkels kwyt. En sûnder bakkerij of grientesaak is it foar harren dreech jild fertsjinje.
In bombardearre gebou yn Aden © Claudia Drost
Drost helpt dizze earmlestigen. Se wurket by ACTED op de finansjele ôfdieling. Hjir hâldt se har ûnder mear dwaande mei Multi-Purpose Cash Assistance (MPCA). Dit is in model dêr't minsken in berop op dwaan kinne as se net folle of neat te besteegjen hawwe. Foar harren is in jildpotsje reservearre.
Troch harren frij te litten yn it útjaan, taast har eigenwearde net oan.
Claudia Drost
"Dat kin ien kear 230 euro wêze. Mar ek seis moannen efterinoar dat fêste bedrach. It hinget ôf fan har situaasje." Hat de famylje yn kwestje in ynkomsteboarne, hat de húshâlding in frou as haad? Binne der minsken mei beheiningen, en hoefolle bern telt de húshâlding? Op grûn dêrfan bepale wy de doer fan 'e bydrage."
De Waskemarster koördinearret de teams dy't mei dy fragen delgeane by de oanbelangjende flechtlingen. Se is bliid dat dizze kwetsberen it bedrach dêrnei frij besteegje kinne. "Troch harren hjiryn frij te litten, taast harren eigenwearde net oan."

Qat kôgje

Spitigernôch giet it net altyd goed. Fierwei it grutste part fan 'e befolking is sljocht oan 'e drug qat. Dit is in blêd dat in licht stimulearjende wurking hat ast derop kôgest. Guon besteegje in part fan harren bedrach hjiroan.
In flechtlingekamp fan ACTED © Claudia Drost
Mar yn prinsipe jouwe se it út om te oerlibjen, seit Drost mei klam. "Ik hear soms moaie suksesferhalen. Bygelyks oer in frou mei trije bern, út it noarden fan Jemen. Har man ferlear syn skonken by in bombardemint. Dêrtroch koe er net mear wurkje en foelen de ynkomsten fuort. De frou tarde op lieningen fan famylje en biddele op strjitte. Mei de jefte dy't wy har letter skinke koene, kocht se geiten en kij. De molke dy't produsearre waard, brocht se dêrnei oan de man."

Sliep- en wurkplak

Aden en Sanaa binne de plakken dêr't Drost ferbliuwt yn Jemen, mei de oare wurknimmers fan ACTED. Dêrneist leit it kantoar, it plak dêr't se it grutste part fan de wike wurket. Ien kear yn de wike sil se nei kampen en oare gebieten dêr't har projekten rinne. Dêr moetet se har teams, jout se trainingen en komt Drost yn kontakt mei flechtlingen.
As ik fernim dat myn lilkens sakket, dan hâld ik op mei dit wurk.
Claudia Drost
"Ik hear hjir skrinende ferhalen. Soms fernim ik dat ik my dêr ûnbewust wat fan ôfslút, om mysels te beskermjen. Mar goed, je ûntkomme der somtiden fansels net oan. Ast oer it terrein rinst en sjochst in hiel lyts ûnderfuorre berntsje yn ien fan de tinten lizzen, dan grypt my dat bot oan."
It binne de mominten dat de lilkens him fan har master makket. "Ik fyn it hiel dreech om it te begripen. Dat as plakken op de wrâld bombardearre wurde en minsken feilichheid sykje, de doarren by oare lannen frijwol ticht bliuwe", seit se.
"En dat om dy reden guon twongen binne op in boatsje te stappen en harren libben te riskearjen. Dêr bin ik alle dagen poerlilk om. As ik fernim dat dy lilkens sakket, dan hâld ik op mei dit wurk."
De âlde stêd fan Sanaa © Claudia Drost

'Westersk tinke'

Drost wurdt út Fryslân wei wolris frege 'wannear't se no echt wat opbouwe sil yn it libben'. In opmerking dêr't se har skouders by oplûkt. "Dat is in nochal westerske en befoarrjochte wize fan tinken."
"Ik ha in betelle baan, meitsje karriêre yn dit wurkfjild, help minsken yn need en sjoch werklik prachtige dielen fan de wrâld. Nim de âlde stêd yn Sanaa, dêr'tst dy werklik yn in oare iuw waanst. En dan hast noch de Golf fan Aden, mei it meast blauwe wetter dat ik oait seach", seit Drost. "Nee, as je mei dizze omjouwing en opdiene libbensûnderfining gjin stappen meitsje, dan wit ik it ek net."