Stêf fan Sinteklaas lang om let fûn en boppe wetter helle

Mei help fan Recovery Divers hat magneetfisker Sietse út Stiens de stêf fan Sinteklaas fûn en boppe wetter helle.
Ein novimber rekke de stêf by fersin yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert.
Sinteklaas kaam spesjaal út Spanje werom om yn in boatsje te sykjen nei syn stêf. Dêrby krige er help fan magneetfiskers. Doe slagge it net, mar no dus al, mei tank oan Sietse.