Ljouwerter keunstner Saskia Wagenvoort wint ynternasjonale priis

Saskia Wagenvoort mei har winnende foto © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De Ljouwerter keunstner Saskia Wagenvoort stjoerde út nijsgjirrichheid in foto yn foar de Budapest International Foto Awards (BIFA). De foto waard beleanne mei in 'gouden award' yn de kategory 'fine art'.
Wagenvoort hat in portret ynstjoerd fan in jonge frou dêr't se sels de fisazjy fan dien hat. It hier is in kapsel fan blommen en de frou hat klean oan fan kant. It is in typyske 'Wagenvoort-foto'.
Nei't Wagenvoort de foto makke hat, printet se him út en dan foeget se op de print noch dinkjes ta. Se plakt der ekstra blommen of glitterkes op en soms pakt se de borduernuddel en borduert derop. Dan makket se in foto fan de bewurke foto. Troch de tafoegingen ûntstiet der skaad en djipte.
It resultaat is in klassyk portret dat tinken docht oan de sfear fan grutte skilders as Vermeer en Rembrandt, mar dan sûnder de donkere achtergrûn dy't dizze skilders brûke.
Saskia Wagenvoort omskriuwt har portret en wurkwize
Foar Saskia Wagenvoort is it foaral wichtich dat har wurk opfallen is tusken de tûzenen foto's dy't ynstjoerd binne. "Verder zit er geen dikke geldprijs of een mooie expositie aan vast", laket se.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.