Nije tsjinstregeling Arriva giet hjoed yn, mar is neidielich foar Deinum en Dronryp

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ferfiersbedriuw Arriva lit mear treinen ride tusken Ljouwert en Grins. De nije tsjinstregeling giet fan hjoed ôf yn, mar soarget fuort ek foar lilkens.
Foar guon trajekten komme der ekstra ritten, lykas dat fan Ljouwert-Grins. Op it trajekt fan Ljouwert nei Harns-haven is tenei noch mar ien kear yn de oere in stop op de stasjons Deinum en Dronryp. Dat hat te krijen mei de oansluting Ljouwert-Zwolle.
"Der is sjoen nei hoe't we yn de nije tsjinstregeling mear treinkilometers meitsje kinne. Dat hat derta laat dat we faker ride nei Grins en dus op de stasjons fan Deinum en Dronryp noch mar ien kear yn de oere stopje", seit Jacoba Hoeksma fan Arriva.
Fan Ljouwert nei Grins ta rydt tenei moarns om 6.17 oere in sneltrein. Dy fan 20.47 oere ferfalt krekt. Trochdewyks ride de sneltreinen fan 11.17 (út Ljouwert) en 12.09 (út Grins) wer en ek de stoptreinen fan 10.14 (út Grins) en 12.50 (út Ljouwert). Dy stienen in jier lyn ek yn de tsjinstregeling, mar binne dit jier skrast om de personielsproblemen.
Jacoba Hoeksma fan Arriva

Oere mear reistiid

Yn Dronryp binne se oerfallen troch de nije tsjinstregeling. Martin Haarman fan doarpsbelang hat it yn de krante lêze moatten. "Het komt ons wel een beetje rauw op het dak. Ik vind het met name een enorme impact voor alle mensen die dagelijks naar Leeuwarden of Groningen reizen. Die hebben zo een uur langer reistijd."
Haarman wol sjen oft hy noch yn kontakt komme kin mei de ferfierder om te sjen oft der wat werom te draaien is.

ChristenUnie wol opheldering

De provinsje is de konsesjehâlder en opdrachtjouwer as it giet om it iepenbier ferfier. De Steatefraksje fan de ChristenUnie hat dêrom opheldering frege. Sy wolle helder ha wêrom't dit beslút sa naam is.
Benita Hakvoort
De folsleine nije tsjinstregeling is werom te finen op de webside fan Arriva.