Tegelwippe op skoalplein yn Rotsterhaule wurdt skattejacht

De direkteur op syk nei "de skat" © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Basisskoalle De Schakel yn Rotsterhaule krijt in nij skoalplein. De earste tegels fan it âlde plein binne der freed úthelle. In moaie gelegenheid foar direkteur Niels Broersen om út te sykjen oft de ferhalen út it doarp wier binne: leit der echt in tiidkapsule ûnder in plein?
Dat it plein út tegels bestiet, is al tiden in punt fan ûntefredenens foar direkteur Niels Broersen: "Dat is echt iets van vroeger. Op nieuwe scholen wordt op een hele andere manier gekeken naar het schoolplein."
Undersyk wiist út dat skoalpleinen mei in soad grien in hiel soad foardielen foar bern hawwe. It ferbetteret bygelyks harren konsintraasje en it stimulearret beweging. Dêrom giet trijefjirde part fan de tegels derút. Dêrfoar yn plak komme ûnder oaren in bleatefuottepaad, bûtenkeuken en in grientetún werom.
Ekologysk skoalplein foar skoalle Rotsterhaule
Broersen is bot motivearre om syn plein op te knappen en stiet dêrom sels sneon betiid al te tegelwippen. Mar stikem hat hy noch in motivaasje. It ferhaal giet dat der 30 jier lyn in tiidkapsule ûnder it plein bedobbe is troch de skoalbern fan doe.
"Ik had het van tevoren niet tegen iedereen verteld, want ik ben bang dat er straks allemaal mensen komen kijken en dat we hem helemaal niet gaan vinden of dat 'ie helemaal niet meer netjes is", sa fertelt de direkteur.

Lokaasje kapsule ûnbekend

Ald-learlingen fan de skoalle sieten yn groep 3 doe't de kapsule de grûn yn gie. Hoe't it ding derút sjocht, wêr't it fan makke is en wêr't de kapsule krekt leit, liket eltsenien ferjitten te wêzen.
Ut petearen mei doarspbewenners komme twa mooglike lokaasjes nei boppen: by it stek en krekt fierderop by in beamke. In frijwilliger op in kraan graaft op it earste plak oant der hast in gaslieding rekke wurdt. "Dieper kunnen we hier niet", fersuchtet Broersen nei't hy it gat ynspektearre hat.
Oeren letter, en in sykaksje mei in metaaldetektor fierder, is de kapsule noch net boppe wetter. It nije plein wurdt aanst iepensteld foar de oare bewenners fan Rotsterhaule en Sint Jânsgea. Oft dy har tiidkapsule ea werom sjogge, bliuwt ûnwis. "Maar als we 'm vinden, zijn jullie de eersten die het weten", seit Broersen.