Plysje siket twa fertochten fan wenningoerfal op It Hearrenfean

In wenning oan de Europalaan op It Hearrenfean is oerfallen © Noordernieuws
In wenning oan de Europalaan op It Hearrenfean is oan it begjin fan freedtejûn oerfallen. De plysje is op syk nei twa fertochten.
De oerfal fûn plak om acht oere hinne. Oft der wat meinaam is, is net bekend. Ek net hoe't it mei de bewenners is. De plysje lit witte dat se wol oansprekber binne.
De plysje docht ûndersyk yn en om de wenning hinne.