Maritieme Academie yn Harns krijt nij gebou, mar foarearst noch sûnder stroom

Op dit plak komt de nijbou © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De Maritieme Academie yn Harns krijt der in nije lokaasje by. Freed waard de ôftraap jûn foar de bou fan nije húsfesting fan de studinten. Mar oft en wannear't dat gebou stroom krijt, is noch mar de fraach.
"De âlde gebouwen besteane út in ryksmonumint, dy binne gewoan ôf", fertelt direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie. "Dy krije we net mear waarm, der giet in hiel soad gas trochhinne."
Dus waard it tiid foar wat nijs. Op in nij plak, om de opliedingen net yn it paad te sitten. "We binne in skoalle, we binne altyd iepen. Dus we moasten earne oars bouwe", seit Mintjes. Dochs hoege de studinten net fier: de akademy kocht in terrein oan de Almenumerweg, njonken de skoalle.
Ofrûne jierren wie it in parkearterrein, fan skoaljier 2023 ôf moat der wenne wurde. Mar dan moat der earst noch stroom regele wurde. It elektrisiteitsnet yn Noardwest-Fryslân is krap, dus nije oanslutingen duorje lang. "It slagget ús sels net om in bou-oansluting te krijen", fertelt Mintjes. Troch reststroom fan de skoalgebouwen te brûken, kin dochs boud wurde.
Wannear't de skoalle dan iepengiet? "We krije in oansluting, mar Liander koe ús net garandearje dat we stroom krije", sa seit Mintjes. Dochs makket er him gjin soargen. "Ik gean derfan út dat we takom jier gewoan stroom levere krije. It kin dochs net sa wêze dat we in publyk gebou mei sa'n belangrike funksje ha en dat der gjin stroom is?"