It Fryske Gea makket âlde slûs by De Feanhoop wer sichtber foar publyk

Stefien Smeding fan It Fryske Gea © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De helte fan de 160.000 euro dy't nedich is om de âlde Noardpolderslûs tusken De Feanhoop en Smelle Ie wer sichtber te meitsjen foar it publyk, is binnen. It Fryske Gea makke dêr in plan foar en hat goede hoop dat it der no ek echt fan komt.
Yn de streek is noch in soad te sjen út de tiid fan de turfwinning en de âlde slûs út 1826 is der in monumintaal oantinken oan. "Dizze slûs is de ferbining tusken de petgatten yn it feangebiet hjirefter en de ringfeart dy't oan de foarkant fan de slûs leit", seit Stefien Smeding fan It Fryske Gea by de slûs.
"Der wiene in soad minsken oan it wurk om it fean boppe wetter te krijen. Dat waard ôffierd mei preammen en skippen en dy leinen hjir oan yn de slûs. It gong dan fierder nei it Polderhoofdkanaal en fan dêrút gong it nei de stêd dêr't it fean fansels stookt waard", leit Smeding út.

Ofdaamd

Eins stiet it hiele kompleks der noch, mei it âlde gemaal en de masinistewente. De slûs is al lang yn ûngebruk, ôfdaamd en allinnich sichtber as je witte dat dy der leit. Om dêr wat oan te dwaan, hat It Fryske Gea in plan makke.
Ald slûs wer sichtber foar it publyk
It provinsjale Iepen Mienskipsfûns hat dizze wike noch 35.000 euro tasein foar it plan. It hielendal opknappen fan de slûs is in stik djoerder en hat gjin doel, want oan beide kanten fan de slûs binne de farwegen net mear te brûken.
Yn stee dêrfan hat It Fryske Gea it sichtber meitsjen fan de slûs foar eagen. "Alderearst moat de begroeiïng hjir wer wat wei en wy wolle besykje de slûs wer iepen te krijen", seit Smeding.
"Der sit no in daam foar. Dy kin derwei en dêr kinne wy in smelle peilskieding fan meitsje. Dan krije je folle mear wetter sichtber yn de slûs. Ek de feart dêrefter moat wer iepen. Dy stiet no fol reid." Ek it mitselwurk wurdt op plakken fernijd.
En om it hielendal ôf te meitsjen, soe der ek in nije brêge oer de ringfeart hinne komme moatte, nei it kuierpaad. Dy moat yn sa'n hoeke komme, dat it ekstra goed opfalt hoe rom it lânskip hjir eins is.