Pearze freed op Liudger Burgum: "Wichtich dat elkenien him wolkom fielt"

Pearze freed op CSG Liudger yn Burgum © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Op ferskate middelbere skoallen yn Fryslân is 9 desimber gjin gewoane freed, mar Pearze freed. Op dizze dei wurdt omtinken frege foar de akseptaasje fan de LHBTIQ+-mienskip.
Ien fan de skoallen dy't omtinken jout oan Pearze freed is CSG Liudger yn Burgum. Dêr hinget de reinbôgeflagge út en wurde der lessen jûn oer it ûnderwerp. "Wy fine it wichtich dat elkenien dy't oars is him of har wolkom fielt en dat derom tocht wurdt", seit Aukje Zuidema, sosjaalpsychologysk meiwurker op de skoalle.
Zuidema is in fertrouwenspersoan op de skoalle yn Burgum. As bern wat beprate wolle, kinne se by har delkomme. "Faaleangst, problemen thús, jin net lekker fiele yn de klasse, mei jesels yn de tiis sitte."
Pearze freed op Liudger Burgum
It giet op Pearze freed ek om it pleagjen of narjen. Neffens belange-organisaasje COC wurde LHBTIQ+-learlingen faker pleage as oare bern.

Rowan Veltman

Yn it ramt fan Pearze freed jout Rowan Veltman in optreden op de skoalle. Veltman helle mei in Fryske ferzje fan it nûmer 'Everything I Wanted' fan Billie Eilish de liveshows fan Holland's Got Talent.
"Rowan Veltman hat hjir op skoalle sitten", fertelt Zuidema. "Hy woe graach in optreden jaan om hjir omtinken oan te jaan." Njonken it optreden is der ek in Pearze merk op de skoalle. Dêr kinne learlingen harren neils of hier pears meitsje litte.
Rowan Veltman (argyf) © Piet Douma
Op dy merk kamen benammen famkes ôf. Jonges fine it neffens Zuidema somtiden wat dreger om oer it tema te praten. "It spilet wol. Ik fernim ek wol dat se it der mear mei-inoar oer hawwe. En se fiele harren ek wol belutsen."
Zuidema hopet dat in dei as Pearze freed derfoar soarget dat learlingen gauwer mei-inoar yn petear gean oer dit ûnderwerp.