Seehûnesintrum ropt strângongers op om seehûnen mei rêst te litten

Seehûnen © Shutterstock
Jonge seehûnepups en harren memmen op Flylân wurde dizze dagen slim fersteurd troch strângongers. Dat meldt it Zeehondencentrum Pieterburen, dat in driuwende oprop docht om ôfstân te hâlden fan de seehûnen.
Sawol lokale seehûnewachters as it Zeehondencentrum ha meldingen en byldmateriaal krigen fan strângongers dy't gjin ôfstân holden fan de pups en de memmen. Yn guon gefallen kamen minsken oant op minder as in meter fan de pups om foto's te meitsjen.
As minsken te tichtby komme, kin de mem ferjage wurde. De pups binne noch te jong om foar harsels te soargjen.

Foarljochting

Der wurdt geregeld foarljochting jûn oer de omgong mei seehûnen en der steane warskôgingsbuorden op it strân. Dochs helpt dat dus net genôch om de bisten goed te beskermjen.
Just dit is in krúsjale perioade foar it opgroeien fan de pups. De mem hat sa'n trije wiken om de pup fan fette molke te foarsjen. Dêrnei lit de mem de pup allinnich en hat dy in soad ferlet fan rêst. Dêrom ha se just dizze moannen in soad romte en rêst nedich.
De fersteuring is dit jier slimmer as oare jierren, seit it Zeehondencentrum. Mei de krystfakânsje foar de doar wol it sintrum dêrom in driuwende oprop dwaan om ôfstân te hâlden.

Ofstân wurket

Dat rêst en romte wurket, kin it Zeehondencentrum mei in foarbyld sjen litte. Nei't in mem yn earste ynstânsje fersteurd wie, stie in pup fan minder as twa dagen âld der allinnich foar. Gewoanwei moatte memmen minstens trije dagen by de pup bliuwe. Op in fideo, yn hannen fan it sintrum, is te sjen dat de mem úteinlik weromkomt op in rêstich strân.