Minister siket nei oplossing foar wettertaksy It Amelân

In boat fan Veltman Marine Services © Veltman Marine Services
Minister Mark Harbers (Ynfrastruktuer en Wettersteat) sjocht mei de provinsje Fryslân nei in mooglike oplossing foar de wettertaksy tusken It Amelân en Holwert.
De eksploitant fan de wettertaksy hat ferline wike witte litten dat de wettertaksy fan 2023 ôf net mear tusken sinne-ûndergong en sinne-opgong fart.
Harbers jout by parseburo ANP ta dat de problemen foar It Amelân 'hiel grut' binne as de wettertaksy yn de jûnen en nachten net mear fart. "Gewone veerdiensten zijn van levensbelang voor de bereikbaarheid van de eilanden, maar ook dit soort watertaxi's voor die momenten dat je bij nacht en ontij snel naar het eiland moet of er snel vanaf moet", sei Harbers foar oanfang fan de ministerried.
Ferline wike krige de minister it berjocht dat de ûndernimmer der yn de jûnen en nachten mei ophâlde wol. Ut it ministearje en de provinsje is fuortendaliks kontakt mei de eksploitant opnaam 'om te sjen wêr't it krekt knypt'. It giet ûnder mear om de maksimumsnelheid fan 20 kilometer yn de oere foar dy tsjustere oeren.
De ûndernimmer wol neffens Harbers hurder farre. Foar de feiligens fan de boat en dy fan de opfarrenden is dy maksimumsnelheid fan belang. "De politie handhaaft daar ook op." Dochs sjocht it ministearje nei wat we der mooglik is, omdat "zo'n watertaxi van levensbelang is".