Mear opfangplakken foar Oekraïners nedich: "Besykje it"

Jitty van der Werf © Omrop Fryslân
It gastgesin dat him ûntfermet oer flechtlingen út Oekraïne is troch Elsevier Weekblad útroppen ta Nederlanner fan it jier 2022. Ien fan de earsten dy't flechtlingen opfong, is melkfeehâlder Jitty van der Werf út Hitzum. Se docht it graach, seit se, mar der komt in soad by sjen.
"De minsken dy't Oekraïners opfange, dogge dat net foar in titel. We dogge dat belangeleas", seit Van der Werf. Mei har man hie se al frij gau besletten dat sy de doarren iepensette soenen.
"Doe't de oarloch útbruts, seagen we de bylden fan de bombardeminten. Dat is fansels ferskriklik. Myn man sei fuort dat we se helpe moasten. It beslút om hjir romte beskikber te stellen wie dêrom unanym."

Romte en tiid

In foardiel is dat Van der Werf de romte hat op de pleats. "Der binne ek minsken mei minder romte, dy't dochs in keammerke beskikber stelle. Dat is hartstikke bysûnder."
It bringt wol drokte mei him mei, leit se út. "Moatst se ynskriuwe by de gemeente, wurk foar se regelje, klean ynsammelje. Fan oare gastgesinnen krij ik ek wol te hearren dat se alle wiken wol in hiele dei dwaande binne om alles yn goede banen te lieden."

'Besykje it'

Dochs dogge se it mei alle leafde. It is ek nedich, seit it Reade Krús. Ut namme fan RefugeeHomeNL meldt de organisaasje dat der driuwend mear gastgesinnen socht wurde.
"Ik soe sizze: besykje it", seit Van der Werf. "Hâld der wol rekken mei dat it in hiel soad tiid kostet. Je leverje wol in stikje privacy yn, mar as je dat kinne, besykje it dan."
Sels hat se noch hieltyd Oekraynske flechtlingen op de pleats. "We ha fiif rekreaasjewenningen en in steancaravan. Dêr ha se har eigen foarsjennings, dêrmei ha wy ek ús privacy. En sy ek. Dat is foar beide partijen hiel noflik."