'De-eskalaasje' is kaaiwurd by jierwiksel yn Noardeast-Fryslân

Kollumersweach op âldjiersjûn 2021 © Noordernieuws
"Sa as ôfrûne kear wolle wy it net wer." Mei dy tekst iepene boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân de riedsgearkomste oer de oanpak fan de kommende jierwiksel. "It moat foar eltsenien in moai feest wurde. En dan doel ik ek echt foar eltsenien."
Ferline jierwiksel wienen der neffens it Iepenbier Ministearje ûnfeilige situaasjes en ûngeregeldheden yn fiif plakken yn de gemeente: Ferwert, Eanjum, Kollumersweach, Marrum en Burdaard. Dêrby giet it net allinnich om âldjiersnacht, mar ek om de nacht dêrfoar. Op ferskate plakken waard de ME ynset.
De gemeente sjocht dochs posityf út nei de kommende jierwiksel, seit Kramer. "We wolle ek echt net in fariant 0.0, wy meie mei syn allen echt wol efkes lekker út de bân springe, fjoerwurk ôfstekke, feestfiere, brantsje stoke yn 'e tonne."
Dat moat kinne, fynt de boargemaster. "Mar wy lûke wol in line as de feiligens foar oare ynwenners en helpferlieners yn gefaar komt. De trochgong foar helptsjinsten is hiel wichtich as elke sekonde telt, sa simpel is it."
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân yn petear oer de jierwiksel © Ben de Jager, RTV NOF
De gemeente en de plysje wolle by problemen sa bot mooglik 'de-eskalearjend' wurkje. Dat is ek in eksplisite opdracht dy't de plysje meikrijt: as der problemen binne, moatte dy yn earste ynstânsje oplost wurde.
Oars as ferline jier binne der kommende jierwiksel gjin coronamaatregels. Dêrtroch binne kinne der ek feesten organisearre wurde troch de hiele gemeente. Tusken 18.00 oere op âldjiersdei en 2.00 oere op nijjiersdei mei der fjoerwurk ôfstutsen wurde.
As de oanpak fan 'de-eskalaasje' net wurket, dan moat de plysje besykje om ûnfeilige situaasjes dochs de beëinigjen, eventueel mei help fan de Mobile Ienheid.
Sadree't de ME der is, moatte jo fuort wêze.
Boargemaster Johannes Kramer
Yn de doarpen dêr't de ME ferline jier yngriep, wie der neffens Kramer in gefoel by de minsken dat se net wisten wat se dwaan moasten. "In hiel oantal, faak ûnskuldige minsken waarden ferrifele troch de ME. Ik hoopje no dat it foar elk dúdlik is: sadree't de ME der is, moatte jo fuort wêze. Ek al hawwe jo der neat mei fan dwaan."

Freugdefjurren allinnich op oanwiisde plakken

Grutte(re) freugdefjurren binne allinnich tastien as dy oanmeld binne by de gemeente. Reitsum, Burdaard, Ferwert, Hantum en Mitselwier ha yn oerlis mei de gemeente in feilige lokaasje tawiisd krigen.
Hanthavening, plysje en gemeente sille wol aksje ûndernimme as der op oare plakken grutte fjurren binne. "Yn it bysûnder op de plakken dêr't it gefaarlik wurdt foar de ynwenners en de omjouwing. Ek op krúspunten wurde freugdefjurren net mear tastien, omdat dat de trochgong behinderet."