'Johan de Jong wakkere ús belangstelling foar de natuer oan'

Johan de Jong © Omrop Fryslân
Johan de Jong hat de natuer ticht by de minsken brocht. Dat seit haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân yn reaksje op it ferstjerren fan De Jong, dy't 36 jier lang in natuerrubryk op de radio hie.
"Hy wie echt in ikoan", seit Spijkers. "Hy wist in hiel soad oer de natuer. Benammen oer ûlen, mar ek oer oare fûgels, oer planten. En hy woe hiel graach syn kennis oerdrage. Dat koe er op in wize wêrby't er in hiel soad minsken meikrige."
Ek foar Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, hat De Jong in soad betsjut. "Al fan de middelbere skoalle ôf. Hy wie myn biologylearaar op it Drachtster Lyceum en hy foel op troch syn geweldige manier fan lesjaan. Dat wie hartstikke ynspirearjend."
Hy krige de learlingen echt mei, seit De Vries. "Dêrtroch krigen je leafde foar it fak, foar de natuer, foar alles wat libbet. Ik hie der al belangstelling foar, mar hy hat dat nochris ekstra oanwakkere troch syn wize fan lesjaan."
Hy naam syn learlingen letterlik mei nei bûten ta.
Henk de Vries
Dat die De Jong troch net allinnich yn it klasselokaal te fertellen. Hy liet syn learlingen sjen nei de omjouwing, de bisten en de planten. "Hy naam syn learlingen letterlik mei nei bûten ta. We gongen nei it parkje ta dat njonken de skoalle lei, om einen te besjen bygelyks. Of nei it fleanfjildsje, want doe sieten dêr noch greidefûgels. We seagen nei de krûden, dy't belangryk wienen. Hy besocht ús alles wat yn de natuerbeskerming belangryk is by te bringen."
Dy achtergrûn as dosint wie ek te fernimmen yn de wyklikse natuerrubryk dy't De Jong hie by Omrop Fryslân op 'e radio, fertelt Ingrid Spijkers. "Hy woe altyd syn kennis oer en leafde foar de natuer diele. Dat koe er en dat die er op in hiel tagonklike wize."

Rêder fan de tsjerkûle

De Jong die mear as de natuer ticht by de minsken bringe: hy hat ek syn hiele libben ûndersyk dien nei de tsjerkûle. Dat wie syn libbenswurk. It bist waard yn de jierren santich mei útstjerren bedrige. Oer hiel Nederlân wienen der noch mar hûndert briedpearen, en yn Fryslân sels noch mar acht. De Jong begûn in rêdingsplan.
"Hy pakte dit op doe't der hast gjinien mear wie", seit Henk de Vries. "En hy makke it sa belangryk dat de tsjerkûlen no beskerme wurde."
De Vries wit dat noch goed. "Hy hie earst de koaien mei tsjerkûlen op de solder fan it Drachtster Lyceum stean, mar op in bepaald stuit mocht dat net mear. Dy bisten skite fansels en dat joech oerlêst. Letter hat er se thús in plak jûn."
Yn 1973 sette De Jong mei de wurkgroep Tsjerkûlen Fryslân útein mei it pleatsen fan nêstkasten. Mei troch syn entûsjasme groeide it tal frijwilligers en sadwaande ek it tal tsjerkûlen.

Johan de Jong-beam

Doe't De Jong syn lêste natuerrubryk op de radio die, yn 2021 op De Fûgelhelling, rôp Omrop Fryslân in priis yn it libben: de Johan de Jong-beam. "Elk jier mei it bêste natuerinisjatyf yn Fryslân in beam útsykje dy't op in plak komt dy't de winner sels útkiest", leit Spijkers út.
Ingrid Spijkers en Johan de Jong © Omrop Fryslân, Karen Bies
It die De Jong in soad dat dy priis oan him ferbûn waard. "Hy wie der stil fan. Hy fûn it hiel moai. It moaiste noch fûn er dat we de natuer in belangryk plak jouwe."
Syn neilittenskip is grut, sizze De Vries en Spijkers. Yn it earste plak foar de tsjerkûlen, mar dêrnjonken hoe't er de natuer by de minsken brocht. "Us harkers ha tink ik in hiel soad fan him leard oer de natuer", seit Spijkers. De Vries slút him dêrby oan: "Hy hat yn de media de belangstelling foar de natuer oanwakkere."