Wettersportsektor krijt tips tsjin cybercrime, dat faak net serieus naam wurdt

De haven yn Makkum © WV Makkum
De gefolgen fan cybercrime wurde noch hieltyd ûnderskat. Dat seit Erik Miedema fan de Cyber Campus yn Ljouwert. De gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân sette dêrom in kampanje op om de wettersportsektor te wizen op de gefaren.
Yn De Broek wie de ôftraap foar de kampanje om bedriuwen yn de sektor wach te meitsjen op cyberfeiligens. It projekt jout bedriuwen de kâns in scan te dwaan fan har systemen.
It giet om de 'City Deal Lokale Weerbaarheid Cybercrime'. De MKB Cyber Campus wol sa bedriuwen dúdlik meitsje dat der grutte gefaren binne. "De gedachte is faak: dat doch ik takom wike wol", leit Miedema út. "En takom wike sizze se dat se it de wike dêrnei dogge. It wurdt hieltyd útsteld om't bedriuwen tinke dat der net gau wat gebeure sil."
"Mar krekt dêr ha se it mis. Undernimmers dy't troffen binne, jouwe ek oan dat se it net serieus genôch naam ha."

Skea fan al gau 60.000 euro

De skea foar ûndernimmers is ek net om 'e nocht, seit Miedema. Gemiddeld giet it al gau om goed 60.000 euro. "Dat is in bedrach dat lytse ûndernimmers net sa op it kleed lizze kinne. Der binne guon by dy't it dêrtroch net mear oprêde."
It kin folle better.
Wim Driessen, ûndernimmer yn De Broek, is him no better bewust
Rekreaasjeûndernimmer Wim Driessen fan Rufus aan het Water yn De Broek hat in scan dwaan litten. "Ik bin bêst wol skrokken. Benammen om't ik my der sels net hiel bewust fan wie. Dat kin folle better."
Driessen wit no wol wat er better dwaan moat: "Ja, better back-ups meitsje. As je hackt wurde sûnder back-up, binne je in soad gegevens kwyt."
En dêr is it de brânsjorganisaasje HISWA-Recron ek om te dwaan, seit regiomanager Jan Ybema: "De ûntwikkeling fan systemen giet hiel rap. Dat is ek de reden dat we de scan ûntwikkele ha. In soad saken, lykas reservearringssystemen, mar ek de klantsystemen binne fan grut belang foar ûndernimmers."
Dy moatte dêrom feilich bliuwe en geregeld bywurke wurde. Ybema sjoch net allinnich nei de wettersportbrânsj: ek de lânrekreaasjebedriuwen kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan de mooglikheid foar in scan.

Wachtwurden en back-ups

"Sels kinne je ek hiel maklik wat dwaan", seit Miedema. "Begjin mei in goed wachtwurd. Dus net 'welkom' of '2022'. Nee, in langer wachtwurd mei ferskillende tekens. En meitsje altyd back-ups. As der wat bart, dan kinne je dochs fierder."
De start fan de 'City Deal Lokale Weerbaarheid Cybercrime', mei boargemasters Jannewietske de Vries en Fred Veenstra © Omrop Fryslân
Wa't wol it slachtoffer wurdt fan in hack, moat net twivelje om oanjefte te dwaan, seit boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân.
Har namme waard koartlyn ek brûkt yn in phishingmail. Riedsleden hienen in mail krigen dy't De Vries stjoerd ha soe mei de fraach om bonnen te keapjen yn de Apple Store. "It wie hiel min skreaun en net ien is der yntrape. Mar sa sjogge je mar dat je der goed om tinke moatte."